Douwe Kootstra

Provinsje: Foar in dûbeltsje op de earste rang

logo.ensafh

Kollum útsprutsen foar ‘Polityk moetet literatuer’ op 14 febrewaris 2019 yn Tresoar

Dêr sitte wy dan wer, it espeltsje usual old Frisian cultural suspects, krekt as fjouwer jier lyn, op itselde plak. Wat wie ’t doe in fleurige jûn. Ja, gesellich, mar fierder in winterjûnenochtfoarstelling dy’t yn de resinsjes mei muoite ien stjerke helle. Allegear o sa leaf foar elkoar, doe, dy akteurs, benammen neat sizze, mar boppe al dy optimistise listlûkers – want zetelwinst! zetelwinst! – seach ik skiere wolkjes hingjen mei twa dúdlike teksten, ôfhinklik fan de grutte fan de partij. Earste tekst: ‘Mei ik asjeblyft ek ris meidwaan?’, en, de twadde tekst: ‘Wa komt yn ’e beneaming foar in fjouwerjierrige kick out?’ It is altyd itselde fertoan, want it is ommers koälysjepolityk. Hawar, it formaasjeresultaat sit hjir jûn gesellich by ús.

Krekt as de praatwolkjes fan doe ûntstie der in wat flets kolleezje, dat himsels – op ien ferstannige folwoeksene nei, dy’t net meidie oan dy bernige WC-eenderij – al fier foar de ferkiezings beleanne mei hege rapportsifers; it liket de sosjale akademy út ’e jierren 70 wol.

Nee, dizze jûn wurdt hiel wat oars as de sleep-inn fan fjouwer jier lyn: dit is nammentlik in kul-tu-re-le jûn, sa’t wy dy sa faak rûnom yn ús provinsje meimeitsje: dichters, skriuwers, fertellers en muzikanten bringe harren teksten by de minsken. By sokke programma’s sjoch ik trouwens, ôfsjoen fan de offisjele bobo-hoera-premjêres, noait Steateleden of listlûkers c.q. deputearren en dat is ek goed te begripen, omdat A: net ien de Steateleden ken, en B: se it ommers smoarende drok ha mei elkoar en it bestjoeren fan it sa komplekse gehiel dat Fryslân hjit: 24 oeren op kop en earen yn ’e kommisjes, de stikken, de wurkgroepen en oare topprioriteiten. Foar in subkultuer as de Fryske literatuer ha jo dan fansels noait gjin tiid.

Wat soe it in ferrassende ûntjouwing wêze, as wy ris politisy krigen dy’t net allinne de taal fan it jild, de ekonomy begripe, mar politisy en bestjoerders dy’t – yntrinsyk motivearre – de net-finansjele wearde fan taal sichtber meitsje wolle. En dan komme we út by de letteren en it dêr byhearrende stypjende provinsjale klimaat. Dan ha wy it oer de skreaune taal, de woartels fan it Frysk. Want soks ferjit gau yn de postnatale, reusachtich euforise harsenbeneveling fan KaHa18: dy jimmeroan sa bejubele meartalige kultuer alhjir, hat altyd in skreaune basis: iepenloftspullen, reklameboadskippen, films, lietteksten, fertelferhalen, kollums, wittenskip, ensfh. ensfh. Komme dy basis en syn pylders, de skriuwers, op it sa skaadrike jan-poepsplak telâne – en dat liket der wol op yn it provinsjale útfieringsprogram Kultuer oan ’e kime – dan is der op ’en doer gjin takomst foar alle oare uteringen fan ús taal. Us selsbeneamde taalskipper, koersend op in wol hiel smelle kime – hat se oait it grut farbewiis helle? – lit har supersoepele CDA-earkes hingje nei de popy-jopy kultuer: popmuzyk, toaniel en festivals; fermerkje dy Kulturele Haadstêd-erfenis! It liket it VVD-partijprogramma wol.

Lit my it aktuele strieminne lettereklimaat ris persoanlik meitsje. Ik bin, nei it publisearjen fan fiif bondels, in skoftlyn ophâlden mei it skriuwen fan literêre reisferhalen, omdat der, oars as yn it ferline, amper mear boeken ferkocht wurde. Ik bin net de iennichste. De boekpromoasje-organisaasje Boeken fan Fryslân is der no – nei in lang, slepend organistoarys siikbêd – om de ferkeap-ynfrastruktuer wer justjes op fuotten te krijen, mar moat it dwaan mei in budzjet fan 180.000 euro jiers en út dat potsje moatte dan ek noch de kosten fan de Dichter fan Fryslân betelle wurde. 180.000 euro op in totale provinsjale begrutting fan in heal miljard! It is altiten itselde mei dizze provinsje: foar in dûbeltsje op de earste rang sitte wolle. Is der dan gjin jild? By de bult! It klotsket oer de stoeprânen fan de Twabaksmerk. Fan ’e wike noch fonteinden ynienen tonnen en tonnen oan euro’s omheech foar twa heal-mislearre projekten út de ûnoersichtlike neilittenskip fan de Kulturele Haadstêd.

Persoanlike literêre klimaatnoat nûmer twá: Ik skriuw noait mear foar Fryske literêre blêden – in té smel poadium fan noch mar twa tydskriften spitigernôch – omdat ik fan it prinsipe útgean dat tsjinoer arbeid in ridlike beleanning stean moat. Jo meitsje bijgelyks in ynterview of in koart ferhaal foar De Moanne of Ensafh – dêr giet samar in dei of langer wurk yn sitten – en dan krije jo dêr in foai foar fan in pear tientsjes, ja, óók nog onbelast.

Yn de hiele ynstitúsjonalisearre Fryske taalynfrastruktuer – AFUK, Tresoar, Fryske Akademy, Cedin, Tryater, Provinsje – arbeidzje minsken mei en oan ús taal, dy’t, gelokkich, fatsoenlik betelle krije. Mar dat jildferslinende taalapparaat is úteinlik fierhinne wol boud op en ôfhinklik fan skriftlike uteringen; boud op de oanfier fan de altyd trochsettende letterprodusinten, Hobbyïsten (mei in haadletter), dêr’t dúdlik in groanys-grutte stek oan los is, want, as it oan harren ta is, is it jild altyd op.

Dy losse stek sa grut as in lasso liket my touwens in konkreet punt fan oanpak foar It Skriuwersboun, dat ommers, hoe treft it sa, foarsitten wurdt troch in psychiater.

Oan de produksje – boeken, titels – leit it net sasear: ‘Heel Friesland schrijft’, mar de provinsjale oerheid kin der noch altyd net in fatsoenlik literêr klimaat omhinne bakke. Al jierren net trouwens. Ek net ûnder de eardere PvdA-deputearre, want dy ha ik de problemen wol ris foarlein, mar dan waard ik freonlik-hastich ferwiisd nei har amtners en dan kinne jo de ôfrin wol riede.

Oftewol en koartsein: it wie en is de heechste tiid om it Fryske lettereklimaat duorsum op te waarmjen!

PS: Alles oangeande dit ûnderwerp is glêshelder op in rychje set yn de LC-dwers-kollum fan klimaatdeskundige P. de Groot (freed 8 febrewaris). Zeer van harte aanbevolen!

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Abe Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Abe
Gast

Is it dreech foar Kootstra om ta trije te tellen?