Marcel Plaatsman

In stêd op in A4’ke

logo.ensafh

Dizze moanne sil ik nei Boedapest ta. Net iens foar it earst, ik haw der al twa kear west en it kin samar dat ik dêr noch wol in fjirde kear kom ek. It is wol in noflike stêd, fyn ik. Fan Boedapest leau ik eins wol, dat ik it sels betocht hawwe koe.

De plattegrûn fan Boedapest kin ik sa úttekenje. In A4’ke, steand. Boppe de helte in grutte blauwe streep en efkes heger noch ien, dat sil de Donau wêze. Dêrboppe as in soartemint fuotbalskoech, de âlde stêd fan Boeda, de noas dêrfan lofts. Dêr’t de bal wêze moat, de grutte griene smet dy’t fan Gellérthegy hjit, in park op ’e kluft of in bosk eins. Dêr rint dan, op myn tekening en yn it echt, de Donau ûnder.
Tsjin de griene kluft oer moat dan in heal aai komme, mei de rûne kant nei ûnderen. Dat is de oare âlde stêd, dy fan Pest. Dy twa stedsjes, de fuotbalskoech en it aai, foarmje beide it âldste Boedapest. It wie it grutste part fan ’e tiid net folle, dit Pest-Boeda – in lyts stedsje yn it grutte ryk fan ’e Habsburgers. Der wiene wol wat paden troch de greiden, dy’t ik graach sjen lit op myn kaartsje: om it aai hinne en dan rjochts fan de midden trije paden nei it noardeasten (dat is: skean omleech op myn A4’ke). Tsjintwurdich hjitte dy fan Dohány utca (Tabakstrjitte), Dob utca (Trommelstrjitte) en Király utca (Keningsstrjitte). Fierder moatte dêr paden de Donau del west ha, mar dy binne foar myn kaartsje net sa wichtich.
Sa’t it der no útsjocht, wol ik it net betocht ha, dit is noch in gewoane, organyske stêd. Sa binne der wol mear, al wie it fan it begjin ôf oan wol apart oan Boedapest, dat der twa stedsjes tsjin inoar oer wiene, mei it grutte wetter der tuskenyn.
Mar sa’t myn A4’ke der no útsjocht, kin ik wol mei myn ûntwerp begjinne.

Ik haw der gauris oer neitocht en ik haw ek al in soad tekenings makke mei oare strjitten, oare parken. Mar it bêste foar Boedapest is neffens mij dochs de ûntjouwing, dy’t de stêd ek echt ûndergien hat. Gjin fiksje, gewoan in goed idee.
Guon stêden hiene der om my wol oars útsjen mocht. Amsterdam, bygelyks, wie better mei in iepen haven yn it IJ, no hawwe se dêr in stasjon yn lizzen. Dat fyn ik dochs spitich. Dat stasjon hie ik leaver ûnderoan it A4’ke fan Amsterdam tekene, súdlik fan de healrûne âlde stêd. Mei dan in grutte leane nei it noardwesten ta, sa’n bytsje nei dêr’t no it Westerpark is. Koene se dêr moai in museum kwyt, of in parlemint, lykas yn echte haadstêden. Op dy grutte leane soe dan, mei in grut krús, in oare leane fan de âlde stêd út nei it súdwesten ta rinne, dan hiene se dêr in pracht fan in nije stêd boud. Mar goed. No is dêr de Kinkerbuert en dêr binne de huzen ek djoer wurden.
Nee, dan Boedapest. Dat hat syn krús hear. De Andrássy út rint fan Pest ôf nei it noardeasten en healwei leit in plein mei acht kanten, it Oktogon. Dêr komt fan it noardwesten wei in oare leane oer dat Oktogon hinne. Geweldich. En it wurdt noch better, want troch dat aai, Pest, rint in tredde grutte leane fan de Donau ôf nei it easten en dêr moast dy twadde leane op oanslute, dat dy makket in bocht – it wurdt in grutte ring, de Nagy körút. En dy tredde leane, de Rákóczi út, ferbynt it haadstasjon (Keleti pályaudvar) mei in brêge oer it wetter, de Erzsébet hid. Op myn A4’ke is dat in lange rjochte line fan de griene kluft nei in lytse tekening fan dat stasjon.

Op it blêd komme fansels no de nammen yn de taal fan Boedapest. Ek it Hongaarsk hie ik wol betinke wolle. Wat in taal! In grammatika as in klok hat it. Ek foar wiskundigen moat dêr aardichheid yn sitte. It is sa regelmjittich en tagelyk sa oars… De wurden makken se út lytse boustientsjes. Egészségedre, proast: dat is egész („sûn”) mei -ség („-ens”), „sûnens” dus, en dêr noch -ed efter („dyn”) en noch -re („op”): „op dyn sûnens”. Dat is ek in taal foar op in kaartsje. Allinnich mar krúspunten.

Noch in pear dagen en ik sil. Mei de trein nei Wenen en dan troch nei dy oare Donaustêd. Ik haw de stêd no al yn ‘e hûs, op in A4’ke. Foar de lêzer kin it ek, tekenje my mar nei. De ynstruksjes stean hjir. Jimme moatte allinnich de krúspunten mei-inoar ferbine.

Alkmar, febrewaris 2019

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op