Geart Tigchelaar

Netflix-searje yn boekfoarm

logo.ensafh

Willem Schoorstra hat foar dit jier it Fryske kadoboek mei de titel Rosmos skreaun. Suver elkenien ken Schoorstra fan syn histoaryske romans oer de lêste Fryske kening (Rêdbâd) en Grutte Pier (Pier) en foar syn lêste roman De nacht fan Mare hat er de Rink van der Veldepriis wûn. En oars is de namme grif bekend as kollumnist by de Omrop; alle tiisdeitemoarnen is de skriuwer fia de radio te hearren.

Schoorstra hat mei Rosmos in flot en retespannend boekwurkje skreaun dat men yn ien sike útlêst. De lêzer falt fan it iene foarfal yn it oare, ferfele docht it boek sadwaande nea. Dêrmei hat it boek fuortdaliks syn wearde as lêsbefoarderjend middel yn ’e Moanne fan it Fryske Boek, dat úteinset mei in Boekebal op 2 maart en rint oant 31 maart. Lju dy’t leaver tillefyzje sjogge, hawwe no gjin ferlechje mear, want Rosmos docht oan spanning, seks en geweld net ûnder foar in trochsneed searje op Netflix.
De lêzer folget Hedzer dy’t opgroeid is yn in âld molkfabryk. De húshâlding bestiet út lytse krimineeltsjes. Der wurdt wyt ferboud, wurde yllegale saakjes dien, der wurdt sûpt en smookt en de flokwurden rûgelje rynsk oer it smoarge tafelswilk. Op syn sechstjinde nimt heit Mebius Hedzer mei nei de hoeren. In soarte inisjaasjeritueel dat fan it jonkje in man meitsje moat. Hedzer tinkt sels dat dat in kantelpunt west hat. ‘Ik wie net ynwijd, ik hearde der net by.’ (s. 20). Lykwols wurdt Hedzer in spegel foarholden as op in goede dei – hy is dan achttsjin – in plysjeynfal dien wurdt op it molkfabryk. De plysjes sjogge begrutlik om harren hinne, suver lytsachtsjend.

De ynfal hie net op it fabryk plakfûn, mar by my yn de kop. Hieltyd seach ik it spytgnyskjen fan de plysjes.
[…]
Ik easke mear fan it libben. Respekt, bygelyks. Achtinge. Bewûndering miskien. Alles ynstee fan skodholjen en meilydsumens.
(s. 24).

Hy brekt mei de famylje, op de meast rigoereuze wize, hy giet sels by de plysje en wurdt sa ‘mynhear Judas fan ’e NSB’.
Mar ta in modelplysje ûntjout Hedzer him net. Trochdat er mei de frou fan ’e baas omslacht, wurdt er út syn amt setten. Nei in liddige tiid begjint er foar himsels as priveedetektive. Dat past ’m skoan om’t er dan net mear ferantwurding ôf hoecht te lizzen oan in baas. Sels net oan de frou dêr’t er mei tegearre wennet, want no kin er sûnder dat sy der wat efter siket nachten lang fuort bliuwe. Hy sit nammentlik graach yn De Blauwe Ingel. In kroechje dêr’t allerhanne folk komt en dêr’t ien as Hedzer him as in fisk yn it wetter fielt. Dêr moetet er Maria, in famke út Bulgarije, dy’t troch in kweade draai fan it lot as hoer yn Ljouwert bedarre is. ‘Ik wist net wat my oerkaam. Ik koe it net ferklearje, en hie it ferlet ek net.’ (s. 27), mar hy rekket op har fereale, wat wer foar in soad oarsoartige problemen soarget.
Efkes komt my dat foarige kadoboek yn it sin wannear’t Hedzer oan it posten is by immen dy’t er yn syn rol as priveedetektive hjitfolgje moat. Dat foarige boek is Bak (Friese Pers Boekerij, 2012) fan Sietse de Vries. Ferlykber is dat beide boeken har yn it kriminele sirkwy ôfspylje, de haadpersoan yn in lestich parket komt te sitten en de ferhalen net sûnder humor ferteld wurde. Mar dêr’t Bak net in leeftydsyndikaasje hoecht, is dat by wize fan sprekken wol it gefal mei Rosmos. Dêr moatte dan fuort ek oare tekentsjes op stean om jongere of gefoelige lêzers te warskôgjen.
Jo lêze it, de setting is perfekt foar in aksjefilm. En sa lêst Rosmos ek. Sa is it boek teffens in boek fan dizze tiid. It kin net gau mâl genôch wêze. Dêr leit tagelyk it gefaar yn dat dat no krekt de boppetoan fiert en dat docht it yn Rosmos. It hinget gear mei brike ynfallen (sa’t ek op de promoasjeposter fan de boeketoer stiet) dy’t inoar yn rap tempo opfolgje. De lêzer kriget gjin kâns om op azem te kommen. Dat moat dan dien wurde mei in oar boek, want it kadoboek is ommers in boek dat men fergees kriget by in kocht Frysk boek.
Dêr los fan, wurdt men as lêzer it ferhaal ynlutsen, ek trochdat de haadpersoan op guon plakken de lêzer yn it boek oansprekt. Sa wurdt de ôfstân ferlytse en is krekt dat praterige, of it yn himsels pratende en riddenearjende wer karakteristyk foar de haadpersoan. Gelokkich bart dat net te faak, want dan hie it by de lêzer argewaasje oproppe kinnen.

Kenst dat klisjee? Fan dat de grûn ûnder jins fuotten weisakket as der wat slims bart? Dêr doocht dus neat fan. De grûn bliuwt like stevich en stabyl as earder. It is it lichem dat nuver begjint te dwaan. De mage wikselet fan plak mei de terms. It hert begjint it bloed in kear sa fluch yn ’e rûnte te pompen. Spieren ferkrampe op plakken dêr’tst net fan wist datst dêr spieren hast.
(s. 66)

De grutte hoemannichte oan ferlikings hieltiten is somtiden al in bytsje tefolle fan it goede. Schoorstra wol it krekt wat te moai meitsje en hy slacht de planke dan út en troch mis. Hoe kin in miel by de McDonalds ‘likefolle smaak as in miggeklapper’ (s. 80) hawwe? En de ferfrysking fan de útdrukking ‘when shit hits the fan’ nei ‘dat stront de fentilator rekket’ (s. 75) is mear in grapke foar op Facebook as foar yn in boek. As immen har lippen ‘reader as it lêste nust kommunisten yn Grinslân’ (s. 87) binne, moat ik wol wer gnize of: ‘Dêr’t ik kom groeie problemen as sjampinjons yn in fochtige kelder.’ (s. 89)

En it binne just problemen dy’t nijsgjirrich lêsfoer opleverje. It is dúdlik dat de auteur in soad wille oan it skriuwen belibbe hat, want dat spat derôf, en dat wit er ek op ’e lêzer oer te bringen. Dit boek freget om in ferfolch.

Willem Schoorstra
Rosmos
Het Nieuwe Kanaal, Ljouwert 2019
ISBN 978 9492 457 264 / NUR 524

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op