Blog Lomme Schokker: Skriuwersprakkesaasjes

logo.ensafh

Ik hie folle earder mei skriuwen begjinne moatten. De frou wit krekt wer’t se oan ta is as ik nei in krimineel lang ûntsteanskiednis op in bepaald stuit fersuchtsje dat ik wol sa’n bytsje alles sein ha wat ik sizze wol yn in artikel of ferhaaltsje. Want dan begjint it pas. Dan sjocht se my noch in tiidlang skreppen, skrassen, stinnen, printsjen en noch ris printsjen, want om it goed te hifkjen moat ik myn skriuwsels swart op wyt ha. Eins moat ik bekenne dat ik mear wille belibje oan it bewurkjen, potskuorjen en redigearjen fan teksten as oan skriuwerij dat creatio ex nihilo op in aaklik leech skerm komme moat.

Lês fierder by Lomme Schokker

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op