Jelma Knol

De terreur fan it skoalplein (Mem 2)

logo.ensafh

Oar plak oare tiid (2004) fan Jetske Bilker giet in pear stappen fierder as Fragmint fan Margryt Poortstra. Swaantsje Nammensma fertelt it ferhaal yn de ik-foarm en de lêzer befynt him fuort yn it begjin fan it boek al yn in komyske sêne dy’t yn De Luizenmoeder net misstien hie. Swaantsje is fergetten dat soantsje Jesse dyselde middei ferklaaid as fûgel nei skoalle ta soe en wurdt dêr op it skoalplein keihurd mei konfrontearre. Der wurdt gau in snie-ûlepak ymprovisearre foar Jesse, mar elkenien sjocht fansels dat de wite wjukken alris earder brûkt binne.

Noch foar’t Swaan op in brulloft de Mr. Big (út Sex and the City) fan har libben moetet, is se dus al in strieminne mem dy’t alle reden hat om har skuldich te fielen. Dat skuldgefoel komt mooglik wei út de kristlike opfieding fan Swaan. Net om ’e nocht wurdt op side fiif al in bibeltekst parafrasearre: Der is in tiid om te brulloftsjen en in tiid om bern te krijen. De sosjale kontrôle op it skoalplein en yn it doarp spilet likegoed in rol.

‘Wêr’t it no tiid foar wie, wist ik net. Jesse siet yn groep 3. Durk hie syn wurk en ik die alles part-time,’ fertelt Swaan. Wel, it is tiid foar in bûtenechtlike affêre tusken Swaan en brulloftsgast Grealt dêr’t de lust de haadrol yn spilet. Mar dy affêre is lestich yn te plennen yn de bring- en opheltiden nei skoalle fan de seisjierrige Jesse. En sa’t dat giet mei bern: der komt altyd wol wat tusken. De iene kear hat Jesse in gat yn ’e holle en in folgjende kear ferdwynt er sûnder in spoar achter te litten. Underwilens dogge de memmen op it skoalplein mei har rabberijen en sosjale kontrôle genôch om it skuldgefoel fan dizze moderne Anna Karenina fierder oan te fiterjen. Dat se Durk bedonderet en der hieltyd yn omlige moat, ynteressearret har net it meast.
Yn it houlik fan Durk en Swaan sit al langer de sleet. Se binne der beiden net mear mei de kop by. Durk ferdwynt it leafst hiele dagen yn operamuzyk en Swaan hat skoan yn ’e rekken dat harren houlik yn de gefaresône sit. Se hawwe dêr ek wat oan dien: langere en serieuze petearen fiere en faker frije. Mar Swaan is op har saaie man útsjoen.

Op in stuit tinkt Swaan dat se har earste en twadde libben wol kombinearje kin:

‘Fansels wie ik gek op Jesse, en ek wol op Durk as it derop oankaam. Mar alles wat by Durk en Jesse hearde, koe dochs eins gewoan trochgean. Soe ek gewoan trochgean. Ik hoegde net te kiezen tusken it iene en it oare. Ofstân dwaan fan Grealt koe no net. En wêrom soe ik? Ik hie it besocht, ik hie him dochs net mear sjen wollen. Just om myn houlik en just omdat ik bang wie foar alles wat der barre soe. (….) Allinnich al dat hiele geile frijen wie in geskink dat my samar tawurpen waard. Hoe hie ik dat oait misse kinnen? Of misse wollen? Sûnt freedtemiddei fielde ik my in geweldich leuke frou, seksy en spannend. Dat hie ik my yn gjin jierren mear field. Durk wie al aardich oan my wend. It soe oait wol wer oergean, beswarde ik myn gedachten, doe’t ik Gretha har nûmer yntoetste.’

Dit sitaat op side 65 yllustrearret eat dat yn 2004 nij is yn de moderne Fryske psychologyske roman: it idee dat jo as jonge mem seks hawwe kinne mei in man inkeld út geilheid, sûnder gefoelens fan leafde. Riek Landman is yn har Sigrid en Anke-romans de earste Fryske skriuwster dy’t har personaazje Anke seks om de seks bedriuwe lit, mar Sigrid en Anke binne beide frijfaam en gjin mem.

Jetske Bilker fertelt har soarchfâldich opboude ferhaal op in lichte toan, mei each foar de komyske kanten fan it plot. In aardige fynst is de reaksje fan Grealt as Jesse ferdwûn is: hy wol graach witte hoe’t it ôfrint. Dochs noch in sympatyk trekje nei alle seks yn muffe motels. It komt wer goed mei Jesse, mar de konklúzje fan it boek is wol dúdlik: mei de sosjale kontrôle troch memmen op it skoalplein hast mar rekken te hâlden. Hoe’t it fierder giet tusken Durk en Swaan: dat hâldt Bilker knap iepen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op