Syds Wiersma

A child is born

logo.ensafh

Dichters Elmar Kuiper, Geart Tigchelaar, Cornelis van der Wal en Syds Wiersma sille op útnûging fan it Aarhus Litteraturcenter yn maart in wike tahâlde yn Denemarken. De Fryske dichters binne fan plan om mei fjouwer Deenske fakgenoaten te wurkjen oan in twatalige dichtbondel en sille in oantal optredens jaan yn Aarhus en Kopenhagen.

Dei 1 yn Aarhus, 12 maart 2019

Der binne fan dy dagen dan liket de tiid rekber. Jo falle fan it iene yn it oare en geandewei begjint sa’n rige mominten te fielen as in stream en fernimst dat de tiid op ’e doele rekket yn ’e dei. Sa’n dei wie juster, ús earste folsleine dei yn Aarhus. Proazadichter Carsten René Nielsen, dy’t Geart Tigchelaar frege hie om ris mei in groepke Fryske dichters del te kommen, joech ús in rûnlieding troch de stêd. Hy soe om alve oere foar de Domtsjerke op ús stean te wachtsjen. Mar wy wienen let, want by it rivierke de Aarhus Å dat dwers troch it sintrum fan Aarhus rint, moeten wy in stânbyld. In man mei de fyts oan ’e hân. Hy like op Durk van der Ploeg, fûnen wy. In rizige man yn in lange jas, in tagelyk aktyf en yn himsels kearde figuer, briltsje op ’e noas, der net alhiel by mei de gedachten. Dat Durk hjir stie, kaam net as in ferrassing. Hy wienen ûnderweis al mear ferneamde Fryske skriuwer tsjinkaam. Op it stasjon fan Bremen siet Eeltsje Hettinga op in bankje te krantlêzen, Elske Kampen kaam even om it hoekje by perron acht fan stasjon Hamburg, Willem Abma hong as pinnetekening oan ’e muorre fan in kafee yn Aarhus en yn in oar kafee seagen wy Pier Boorsma op ’e rêch; hy siet mei in rûch en griis bosk hier foar in besleine spegel. In freonlik Deensk echtpear spruts my oan, wylst ik by Durk van der Ploeg foar op ’e stange fan ’e fyts siet. Se fersekeren my dat dit gjin skriuwer wie, mar de populêrste Aarhuzer fan de foarige iuw: Bernhardt Jensen, boargemaster fan de stêd tusken 1958 en 1971. In folksjonge dy’t alle dagen op ’e fyts siet en mei de minsken prate, ek doe’t er al boargemaster wie. Yn de jierren sechtich hie er de plannen fan in brede autodyk troch it sintrum fan Aarhus keard. Dat Durk in boargemaster fan de minsken wie, die ús goed. Fleurich rûnen wy nei de Dom.

Under de winige toer, bystien troch wat snjitters maartske rein, lei Carsten syn plannen foar de stedstoer út. It waard in reis troch de tiid, begjinnend by it fikingdoarpke dêr’t Aarhus letter út fuortkaam en einigjend yn in ythúske mei in fjouwergongemenu fan Deenske spesjaliteiten. In soad hjerring waard ús yn it foarútsicht steld. Wy joegen ús der graach oan oer. In bettere gids as Carsten kinst dy net winskje. Kalm dichtersloopke, leafde foar de stêd, each foar detail, altyd taret op in nij ferhaal, passy foar skiednis, iroanyske blik op it hjoed. Op dizze wetterkâlde dei hoegden wy allinnich mar te folgjen en ús te beheinen ta de skiednis en de boukeunst fan in nije wrâld . De details hoege hjir net allegear neamd te wurden. Se bewege har fan it bonkerak fan in âld fiking út de njoggende iuw nei in midsieuske muorreskildering yn de Dom, dêr’t ingels rêde wat se rêde kinne út in Danteske hel, oant de nagelnije stedsbibleteek mei it foarstlik útsicht oer de havens yn it fjord fan Aarhus. Dêrnei gie de ekskurzje frij soepel oer yn in kroegentocht en it fjouwergongemenu fan hjerring en âlde Deenske stjonktsiis. Lykas sein, de tiid wie in stream wurden, as de Aarhus Å (út te sprekken as in koart, heech o-lûd, wat achter út ‘e kiel kommend), it âld-Deenske wurd foar rivierke.

Ien detail woe ik der noch even útljochtsje: dy nije stedsbibleteek oan it havengebiet, kwa arsjitektuer in bytsje ferlykber mei EYE oan it IJ yn Amsterdam. Doe’t wy derhinne rûnen en Carsten fertelde dat it in gebou fan 1 miljard Deenske kroanen wie (diele troch 7), tocht ik earst, wat in jildfergriemerij. Mar doe’t ik binnen stie, sloech dat ûnderbúkgefoel om. Want dit wie net inkeld in bibleteek. It wie ek it stedskantoar foar alle boargersaken. En it produksjehûs foar de regionale omrop. En in stúdzjeromte foar learlingen en studinten út de stêd. En in kafee om Geert Mak syn boek USA, en Rejse te lêzen Foar de jongerein is it moaiste plak yn it gebou reservearre: it útsicht oer de âlde havens. Yn Nederlân soenen se op sa’n plak it kafee-restaurant plenne en in soad jild fertsjinje. Yn Aarhus dogge se dat oars. Se jouwe it bêste plak oan de studinten. En tusken dy kliber kalm studearjende bern hinget in gigantyske gong yn ’e romte. In solitêre oargelpiip. As der yn it sikehûs fan Aarhus in lytse poppe berne is, drukke se dêr op in knop en dan galmet de swiere gong yn de stedsbibleteek. A child is born. Sjochst de kopkes fan de studinten even út de laptopkes kommen, sjochst se elkoar oansjen en glimkjen, gibeljen, en dan stjert it wjerlûd fan de gong wei en nimt de stilte de romte wer oer. In momint fan mystyke ferbining. Lykas Aarhus de ferbining ek op oare plakken besiket te finen.

Nim no Godsbanen, it gebou dêr’t wy bivakeare. It is it eardere oerslachstasjon fan Aarhus. De frachttreinen ranzjearren dêr, de ladings waarden dêr oerslein en de minsken koenen har postpakjes dêr ophelje. It hiele gebou is ferboud en renovearre. No is it in ranzjear- en oerslachterrein fan de kreative geast: in kultuerhûs mei in literatuersintrum, in filmwurkpleats, romtes foar byldzjende keunstners, lytse teaterromtes, in offsetprinterij, ferskate appartemintsjes foar artists en writers in residence, en in kafee om elkoar te moetsjen. Tichtby de binnestêd, tsjin it sintrum oan. Mismoedich tink ik oan Ljouwert, dy oare kulturele haadstêd, mei al syn ynstitútsjes en keninkrykjes yn ferskate gebouwen ferspraat oer de stêd. Fyftjin jier lyn ha se yn Aarhus de wei fan de ferbining ynslein en it stedsplan derop ynrjochte. Se ha noch wat wichtichs dien: fytsen binne fergees te hier, oeral yn ’e stêd. Bist in dei yn Aarhus en fielst dy der al thús, tinkst sels al oan weromkommen, wikenlang yn ’e stedsbibleteek tusken dy jonge geasten sitte, wachtsje op de folgjende slach op ’e gong, en op ’e oerkrêft fan al dy krekt berne Aarhuskes nij dichtwurk skriuwe en dat jûns foardrage op ’e iepen poadia fan ’e Godsbanen.

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
jacqueline fournierLomme Schokker Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Lomme Schokker
Gast

Prachtferslach! Hjir yn Málaga moatte de bern noch berne wurde…

jacqueline fournier
Gast
jacqueline fournier

Ik heb het in mijn hoofd ook meebeleefd. Veel plezier met elkaar in deze stad.