Elmar Kuiper

Aarhus, diel twa

logo.ensafh

Aarhus, stêd yn ’e mûle fan de rivier, dêr’t Vikingen húsmannen. De Denen hjoed-de-dei prate mei in hite earappel yn ’e kiel. Stêd ek dy’t kultuer en klasse útazemet. Se hawwe hjir in bibleteek oan ’e râne fan de stêd, dêr’tst dy noflik deljaan kinst yn in grutte giele setel, mei útsjoch oer de haven en see. Hjir binne iepen plakken, tsjotterje mosken as ripe dichters, kleie mokken om in mûlryp wurd. Dizze stêd doart in grutte finger op te stekken. Hjir fynst gjin grize, stive doaze fan Bonnema of sa’n misbaksel fan Hubert Jan Henket, mei syn museum op it Saailân, dat der by stiet as in bodybuilder yn in te krap jaske. Hjir sykhellet it safolle rommer. It seeljocht krûpt oer de moarmeren tegels. Ek al ferrekt de sinne it.

Reislieder Carsten, dy’t suver eptich, as in poëtyske messias troch de stêd trêdet, dy yn it kylwetter meinimt, rij struit mei jiertallen en feiten, de treppen nei ûnderen nimt, dy en de oare dichters nûget de skiednis fan dizze stêd yn te gean. Samar tsien meter djipper litst de eagen glydzje oer de houten boaiem fan in oarlochsgaljoen en fantasearrest oer it bonkerak sûnder holle. Fernuverest dy oer it ark en de hierkaam, makke fan in bistebonke, fersiert mei tekens. Posearrest, mei de oaren, by in grutte runestien. Nimst wer de treppen omheech en it ljocht docht suver sear oan ’e eagen. Yn ’e deistige wrâld lykje fuotgongers en fytsers it praat opsparre te hawwen. Men is swijsum op wei, nei hûs of wurk. Hjir wurdt net yn it iepenbier, lykas yn in stêd as Amsterdam, in echtskieding of skeel mei de baas besprutsen. Hjir jout it swijen romte en hearkest benammen it ferkear en sa no en dan de fûgels. Besaust dy om ’e fytsers mei swarte pothelmen, dy’t stûf yn ’e wyn opskeuvelje en hast ferdrinke ûnder harren reinjassen. Praatst twa tellen mei in man mei helblauwe eagen en in griisbrún sturtsje yn it hier, dy’t dy suver plichtsmjittich freget: where are you coming from? Ier yn ’e middei, nei in stevige kuiertocht, krigest toarst as in hynder, en de oaren ek, en dûke jim in kroech yn, deunby Carsten syn hûs, dêr’t omraak smookt wurdt en fernuverest dy oer de barkeeper, yn in te krap clownsjaske en in natuerlike, grutte, reade noas, dy’t bier tapet en like hurd sûpt as de stamgasten en sa lûd laket, dat it fertriet hast út syn eagen spat. Harkest nei in frou mei in ferrikke stim, dy’t op in barkruk njonken in grouwe man mei cowboyhoed sit en om it hutsje mei har wiisfinger oer in mobyltsje scrolt. Hapst yn ’e skomkraach en nimst it ynterieur ris better yn dy op en komst der efter dat dy bejoust yn in kleurryk wâld fan clowns. Se hingje yn toutsjes oan it plafond, sitte rûngear, as fûnlingen yn it finsterbank. Nimst in slok en besikest it tempo fan de oaren by te hâlden. Rûgelest om ien oere it bêd yn en dreamst oer blonde aktrises, oer liven dy’t har net fertale litte. Nei in hite nacht yn Godsbanen, sikest it húske op, omdatst dy ferfretten hast oan ’e rauwe en rikke iel fan justerjûn.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op