Jelma Knol

In spegelpaleis yn de poalsirkel: Paadwizer fan Eelkje Tuma (Mem 3)

logo.ensafh

Paadwizer fan Eelkje Tuma is in boek yn in boek. De Nederlânske Marike is op reis nei Noard-Sweden om yn de kunde te kommen mei Linn Mattson, de auteur fan de roman ‘Tur’ (Tur betsjut reis), dy’t sy oan it oersetten is. Se komt de mem fan de skriuwster daliks al yn de trein tsjin, sûnder dat se dat wit.

De frou by it rút die har oan har eigen mem tinken, se hie wat hippy-achtichs.

Dat tinkt Marike en dat is no krekt har probleem en de frou yn de trein, Nelly, rûkt dat op in kilometer ôfstân. Nelly soarget derfoar dat Marike Linn Mattson net samar te pakken krijt. Hoe’t dat allegear yninoar stekt en wêrom, komt de lêzer earst oan de ein fan dizze kaleidoskopyske roman te witten en dat lis ik net allegear út.

Se koe net begjinne oer wat de haadpersoan yn it boek meimakke. Se wie yn ferwachting rekke fan ien dêr’t se gjin takomst mei seach. Lena, de haadpersoan, tocht nei oer in abortus. Oan de ein fan it boek waard dúdlik hokker beslút at se nommen hie. Soe sy, Marike, deselde kar meitsje? Neist dy problematyk wie se nijsgjirrich nei de religieuze groep, dy’t yn it boek foarkaam. Mar dat woe se net tsjin Hylke sizze. Tsjerken en alles wat mei it leauwen te krijen hie, dat wie âlderwetsk en paste net mear by it moderne libben fan hjoeddedei, neffens him. Se hie it earder alhiel mei him iens west. Mar ûnder it lêzen fan ‘Tur’ wie der in ynteresse ûntstien nei har eigen achtergrûn. Har pake en beppe dy’t string kristlik west hiene. Har mem dy’t har dêr helendal fan ôfkeard hie en har, Marike, ‘in frije opfieding’ jûn hie, sa’t se itsels altyd neamde.

Paadwizer is destiids, doe’t de roman yn 2009 ferskynde yn de rige Fryske Modernen, gjin ferkeapsúkses wurden. Miskien kin ik de potinsjele lêzers mei dit stik ferliede om it nochris te besykjen. Al dy minsken dy’t ferslave binne oan thrillersearjes dy’t har yn de poalsirkel ôfspylje, hawwe yn alle gefallen in reden om Paadwizer te lêzen. In bettere yntroduksje yn dy wrâld as Paadwizer is der net. Eelkje Tuma wennet boppe Lulea, flakby de Sweeds-Finske grins en kin dy omkriten en de skiednis en mentaliteit fan de oarspronklike befolking as gjin oarenien. De plot fan it boek is in spannende syktocht, mar net nei in moardner.

‘Tur’, it boek fan Linn Mattson, giet oer it Noardsweedske frommiske Lena. Se is nei alle gedachten ôfstammeling fan de oarspronklike befolking, al wurdt dat nearne eksplisyt sein, de Samen/Lappen. De fragminten út ‘Tur’, dy’t de syktocht fan de Nederlânske oersetster Marike trochbrekke, binne hiel yntins fan toan, fan binnenút skreaun.

Lena hat in bysûndere ferhâlding mei har âlde beppe. Se libbet yn in tradisjoneel plattelânsdoarp dêr’t de minsken alle wiken trou nei de gearkomste fan de Laestadiaanske mienskip geane. Hie de grutte preker, nei wa’t dy strang religieuze beweging neamd is, yn de 19de iuw mei ynmoed it alkoholisme en de ‘sedeleazens’ ûnder de Samen bestriden, yn it doarp fan Lena wennet in lekedûmny dy’t swier misbrûk makket fan syn posysje.

Tema fan ‘Tur’ is: hoe moatst dy ferhâlde ta in tradisjonele kultuer dêr’t de posysje fan de frou fêst stiet? Jong trouwe binnen dyn groep en mem wurde, dat is it grutste lok. Froulju dy’t dat patroan trochbrekke, wurde út de mienskip stjitten of deaswijd. Lena komt der stadichoan achter dat Eskil en Britta net har biologyske âlden binne. Se makket in radikaal oare kar yn it libben: se giet nei de grutte stêd, wurdt swier fan in man dy’t se amper kin en kiest foar in ûnôfhinklik bestean, frij fan de hypokrisy en nearzigens fan it leauwige doarp. Se sil har berntsje jaan wat harsels ûntnommen is: in biologyske mem en in kennismakking mei de ferwekker.

It ferhaal fan Marike is foar in part in ramt foar ‘Tur’. Marike wurdt troch it jonge selskip yn Lulea, dêr’t se útfanhuzet, yn in flot tempo bypraat oer alle achtergrûnen en bysûnderheden fan de Noardsweedske plattelânskultuer. Har eigen sitewaasje – wol se wol of net mem wurde omdat har man yn Nederlân dat de heechste tiid fynt – wjerspegelet dy fan Lena.

Wylst Marike de iensume konfrontaasje mei harsels yn de arktyske natuer oangiet en ik as lêzer ferwachtsje dat se in folgjende stap sette sil yn har kearnprobleem (wol of net allinne it bern op de wrâld sette), stjoert Eelkje Tuma it ferhaal ynienen in oare kant op. De ferskriklik dominante Hylke, de man fan Marike, komt nei Sweden ta. Dêrmei wurdt in oar motyf oanboarre: de seven years itch dêr’t dit houlik yn bedarre is. Nettsjinsteande de bemuoisucht fan Hylke lûkt Marike dochs autonoom har eigen konklúzjes.

Paadwizer giet oer ûnderwerpen dy’t yn ús kultuer lang taboe wiene, yn de sin fan ûnbesprekber. Is it belangryk dat bern witte wa’t harren heit en mem eins binne? Dy fraach stie pakwei tsien jier lyn noch net op de wurklist. Spermadonoaren bygelyks koene anonym bliuwe. Tsjintwurdich is dat wol oars, mar dat is in nije ûntwikkeling. Yn progressive rûnten is it taboe om oer de emosjonele pine nei in abortus te praten. Yn Paadwizer wurdt it oan de oarder steld: it giet net om in fiskje mar om in foetus dy’t fuorthelle wurdt. It ferhaal stelt ymplisyt ek in pear oare kwestjes oan de oarder: hoe frij binne dy allinnesteande memmen eins? Se sitte soms fêst yn suterige, ûnderbetelle banen dy’t in fierdere persoanlike ûntjouwing tsjinhâlde.

Marike komt lang om let de skriuwster fan ‘Tur’ tsjin. ‘Tur’ en it ferhaal fan Marike binne spegelferhalen, mei elk in eigen ûntwikkeling fan de froulike haadpersoanen. Yn dy sin is it ferhaal fan Marike mear as in ramt. It is ek in spegeling fan maatskiplike ferhâldings yn Nederlân en Noard- Sweden én fan teksten: Paadwizer giet oer in roman, ‘Tur’, mei Lena dy’t skriuwambysjes hat en de alter ego fan Linn Mattson is. Mar yn hoefier Linn en Lena wier itselde meimakke hawwe: dat wurdt mei opsetsin yn it midden litten. Marike, de oersetster en sjoernaliste is fansels ek in skriuwster. It suver skeelmeitsjende omkaft fan Jelle Post mei syn spegele fiskbonkemotyf jout wat dat oangiet de komplekse struktuer fan it boek prima wer.

Wa’t Paadwizer noch nea lêzen hat, moat lykwols net miene dat dit boek in ûnlêsber konstruearre heechstantsje is. Krekt oarsom: beide meinimmende ferhalen, dat fan Marike en dat fan Lena, binne knap mei-inoar ferweven en tagelyk bysûnder goed te folgjen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op