Teleks: Nominaasjes Simke Kloostermanpriis 2019

logo.ensafh

Foar de sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloostermanpriis is de earste kûgel troch de tsjerke.
De sjueryleden Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer hawwe alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja 5 boeken nominearre.

Eppie Dam, Lida Dykstra, Mirjam van Houten, Auck Peanstra & Riemkje Pitstra en Koos Tiemersma binne de nominearren.

Sjoch foar mear ynformaasje by Sirkwy

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *