Aginda 07-04-19: Presintaasje Janneke Spoelstra ‘Wij yn ’e draaimûne’ en ‘De parallaks’

logo.ensafh

Presintaasje fan de dichtbondel Wij yn ’e draaimûne en de roman De parallaks

Sneintemiddei 7 april presintearret Janneke Spoelstra har tredde dichtbondel Wij yn ’e draaimûne en har earste roman De parallaks yn doarpshûs De Kampioen, Skoallestrjitte 9, yn Hijum.

Tiid: 15:00-17:00 oere (Ynrin: 14:30 oere)

Mei ynlieding op dichtbondel en roman troch Ernst Bruinsma (útjouwer).

Mei optredens fan: de dichters Syds Wiersma (syn pake wie timmerman yn Hijum) en Sytse Jansma (syn pake wie wethâlder fan Ljouwerteradiel), skriuwster Baukje Zijlstra (har heit wie militêr yn Ynje) en Gerda Tolk (boechbyld fan rôs Fryslân, wenne yn Stiens en yn Hijum).

Muzyk: Herman Peenstra (muzikant te Hijum).

It earste eksimplaar fan ’e dichtbondel wurdt oanbean oan Sieb Lemstra (âld-skoalmaster yn Hijum). It earste eksimplaar fan ’e roman wurdt oanbean oan Gerda Tolk.

Wolsto/Wolle jo der by wêze, dan graach oanmelde by Janneke Spoelstra fia: oerset@planet.nl.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op