Syds Wiersma

Grauballeman

logo.ensafh

Oer syn ferbliuw yn Aarhus skreau Syds Wiersma it folgjende gedicht. De Grauballeman is in feanlyk út de Izertiid dat yn 1952 yn it heechfean by Grauballe yn Jutlân fûn waard. It wie hast folslein yntakt, waard konservearre en leit no útstald yn it kultuerhistoarysk museum Moesgaard by Aarhus.

Grauballeman

Foar Godsbanen feie ranzjearders
plassen fan it asfalt, maratondravers
rekke kûtspieren op oerslachperrons

Moarnsljocht is in fine kaam, fan bien
de toskjes kaardzjend oer myn skjinwaaid
ferset, wêr is ‘t bleaun, wa hat it beset?

It dzjengiswyfke yn it park? Hoeden
rint se oer in sprei fan pearse krokus,
beharket se berjochten út ‘e sompe

Wylst de toer de klok op moarmeren
platen om ‘e ielreagershalzen
fan fiskjende havenkranen hinget

Sprekt it feanlyk my ta: by offertiidpanyk
in skimerwrâld ynjage, de kiel trochsnien,
fan izer oant nukleêr de iuwen fergriemd

Tutet in turfmakkersloete him wekker,
taand en skeard yn ‘t soer fan ikebast
kinst hjoed online syn dreamtiid bestelle

Liddich leit er, as Oscar Wilde yn Dublin
op syn stien by Merrion Square, de draak
mei alles, pine ferpakt yn mime fan taal

De dea syn priis is androgyn, in pølse
mei hite moster op in slop kartontsje kwakt.
It is safier, ús weromreis springt op grien

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op