Aginda: 29-03-19: Presintaasje Graet Hylper Wordebook

logo.ensafh

Presintaasje Graet Hylper Wordebook op 29 maart

Nei jierren fan krewearjen ferskynt it mear as tûzen siden tellende Graet Hylper Wordebook op freed 29 maart 2019. De auteurs binne Gosse Blom silger en Siebren Dyk, mei stipe fan Wiebe Zoethout. De presintaasje fan it wurdboek is yn De Foeke te Hylpen, mei bydragen fan sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen en bern fan basisskoalle De Skulpe.

Datum en tiid: freedtemiddei 29 maart 2019, 16.00-18.00 oere
Plak: De Foeke, Nieuwstad 49, Hylpen

It Hylpersk is in dialekt fan it Frysk, mar hat in eigen ûntjouwing trochmakke, sadat it hjoed-de-dei aardich fan it gewoane Frysk ôfwykt. Yn dy sin is it te ferlykjen mei de Fryske dialekten fan Skylge en Skiermuontseach.

Alhoewol’t der al in Hylper Wurdboek bestie, fan Gosse Blom út 1981, is yn 2006 op de Fryske Akademy dochs besletten om in nije en folle wiidweidiger ferzje te meitsjen, om sa de Hylper taal nochris sa goed mooglik te beskriuwen.

Nei jierren fan yntinsyf krewearjen is it wurdboek no klear. It hat mear as tûzen siden, in rekôr foar in Frysk dialektwurdboek. De earste eksimplaren fan it wurdboek sille oanbean wurde oan Dirk Blom (broer fan auteur Gosse Blom), Jannewietske de Vries (boargemaster fan Súdwest-Fryslân) en kultuerdeputearre Sietske Poepjes.

Programma

15.30
Ynrin, kofje/tee en oranjekoeke
16.00
Iepening troch foarsitter Piet Sprik fan Stichting Behoud Immaterieel Erfgoed Hindeloopen, mei meiwurking fan sjong- en dûnsgroep Aald Hielpen
16.10
Siebren Dyk (Fryske Akademy)
16.20
Optreden fan bern fan basisskoalle De Skulpe
16.35
Wiebe Zoethout (Fryske Akademy)
16.45
Oerlangjen earste eksimplaar Graet Hylper Wordebook
17.10
Ofsluting troch Piet Sprik

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op