Lomme Schokker

Ferburgen boeken

logo.ensafh

De Jong wie in learaar maatskippijlear dy’t by ús yn it doarp wenne. Ien fan syn soannen wie fan myn leeftyd, dat ik kaam der wol ris oer de flier. Ik moat ús mem doe ferteld hawwe hoe’t ik ûnder de yndruk wie fan dy wenkeamer grôtfol mei boeken. Boeken oeral yn it rûn, tsjin alle muorren boeken, fan de flier oant it plafond ta. Wat it plaatsje folslein makke wie in fersliten learen earmstoel yn de hoeke ûnder in steande skimerlampe, it bysettafeltsje mei de boeken dêr’t er mei dwaande wie en in twadde, lytser en leger tafeltsje mei foar de greep de kofje, de buorrel en it jiskebakje. Ik wist dat ik letter ek sa wenje woe, nêstele tusken boeken, beskûle tsjin de wrâld en fier fan alle drokte.

‘Asto sneon ús kant wer út komst, moast eefkes by de jonges fan De Jong lâns,’ sei ús mem op in woansdei, in jier as sân lyn, oer de telefoan. ‘Se binne it hûs fan harren heit oan it leechheljen, mar witte leau ik net wat se mei de binde boeken oan moatte. De garaazje stiet der fol fan. Ik ha se ferteld datsto wol belangstelling hast en no ferwachtsje se dy takom sneon om alve oere hinne. Net ferjitte.’

Sybren hie ik in fyftich jier net mear troffen, mar hy prate en stapte noch krekt sa treftich troch it libben as doetiids. ‘Wy binne net sokke lêzers, myn broer net, de froulju net, ús bern net, dus wy wolle mei it húsried en mem har diggelguod ek heit syn boekerij mar nei de kringloop bringe. Ik ha fan ’e wike fan jim mem heard hoe graach asto hjir wêze mocht, dat nim mei watst hawwe wolst. It is ús om it even.’

Dy sneontemoarn ha ik my in healoere lang om de mûle slikke fan al it moais dat dêr yn de garaazje lei. Fan Reader’s Digest keunstboeken oant en mei Tekenje foar Fryslân oer Ids Wiersma, Piter Terpstra syn Opkomst en strijd van de arbeidersbeweging in Friesland, Wereldgeschiedenis van de Kunst fan Janson, de hiele rige Folksferhalen fan Ype Poortinga en boppe-al in oermjittich yllustrearre Herfsttij der Middeleeuwen. Dat boek hat my yn de kunde brocht mei it manjefike wurk fan de bruorren Van Lymborch en dat fierde my wer nei it Musée Condé yn it Frânske Chantilly en noch letter nei The Cloisters op it noardlikste puntsje fan Manhattan. Sa hawwe krekt dy boeken fan De Jong my úteinlik yn de wide wrâld in net earder meimakke ferwûndering oer de keunsten skonken.

Dy sneontemoarn haw ik my ynholden. Ik koe net mei goed fatsoen de hiele auto fol lade. Sybren woe gjin jild ha, fansels net, mar op it lêst mocht ik him safolle jaan as ik tocht dat dizze pracht my wurdich wie. Doe frege ik him oft ik de wenkeamer noch ris besjen koe. ‘Dan moat ik dy dit ek sjen litte,’ sei er, en hy iepene in kastdoar. Dêrachter wie noch in doar, op it slot en ferskûle achter wat planken. ‘Sjoch,’ sei er, ‘hjir hie ús heit syn seleksje eroatyske, sis mar pornografyske boeken opburgen. Dat hawwe wy nea witten.’ Ik koe my sokke boeken yn de garaazje sakrekt net teplak bringe en dat sei ik. ‘Spitich, hè,’ flústere hy glimkjend, wylst er in skean each op syn frou yn de keuken hie, ‘myn broer en ik hawwe dy ûnder inoar ferdield. Wy binne dan gjin lêzers, mar wy binne wol nijsgjirrich!’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op