Jelma Knol

Machteleas matriarchaat? (Mem 4)

logo.ensafh

Yn Libben reach (2008) fan Greet Andringa triuwt Geeske, in jonge mem fan twa bern, har dochterke fan de trep. It bern leit in skoft yn koma en de mem wrakselet mei har skuldgefoelens. Wylst se op de IC by de bewusteleaze Tsjitske sit, trunet de sealdokter Geeske oan om safolle mooglik kontakt mei Tsjitske te lizzen.

‘Hielendal wis binne wy der net fan, mar wy ha har de lêste oere in pear kear mei de eachlidden knipen sjoen. Dat soe betsjutte kinne dat se stadichoan wat tichterby komt. Pak har mar by de hân.’

Ik wol wol, neat leaver as dat, mar ik kin it net. Net mei dizze hannen. Ik doch in stapke achterút. Se tinke dat ik skrik fan hoe’t se derút sjocht.

‘It bliuwt jo dochter hear,’ seit de arts-assistint wrantelich en hy rint nei in oar bêd, ‘se hat jo nedich!’

‘Jim witte net wat der bard is,’ flústerje ik mei droege kiel. Ik leau net iens dat se it hearre. De pittige deisuster skoot in stoel achter my, drukt my op ’e skouders en leit my it mearkeboek iepen op ’e skoat. ‘Praat yn alle gefallen tsjin har. Jou har hâldfêst. Lês har foar, fertel har oer jim libben.’

In koar fan stimmen fan famyljeleden hat dan ûnderwilens al kommentaar jûn op it ûngelok (side 6): memmen, beppes, nichten en muoikes. Se binne ûnderdiel fan it libben reach dat Geeske ûndersiket yn dizze roman.

Ik skrik der in bytsje fan. As ik mysels mei de stimme fan de ferpleechster de opjefte jou fertel oer jim libben, dan blykt dat ‘jim’ net yn it earste plak it ‘wy’ dat ik mei Douwe, Tsjitske en Marten foarmje. As it oer ‘jim’, oer ‘ús’ giet dan tink ik al rillegau oan de húshâlding dêr’t ik yn grut wurden bin en mear noch dêr’t ús mem út komt. Oan pake en beppe, myn muoikes en alles dat dêr wer oan bongelet oan manlju en bern. Krekt as is dat allegear werkliker as it libben dat ik diel mei myn man en bern.

Skrikke of net, blykber heart dat dan dochs by wat ik fertelle moat. Mar wêr begjint it dan, wêr hâldt it op? Moat ik sykje nei de stiennen yn de magen fan de oaren? Mar hoe kom ik dêr dan by?

Begjinne, net omstinne. Sjoch wêrst útkomst, fuortgoaie kin altyd noch.

Geeske fertelt oer de libbens fan har Dútske beppe Gertrud, dy’t swier ûnder de plak fan in alkoholistyske man sit, har nicht, de briljante biologe Nynke en har jongste muoike, de keunstneres Elza. Se binne ûnderdiel fan in machteleas matriarchaat. Troch ynterviews, petearen, moetingen, faak by famyljegearkomsten en foar in grut part yn de foarm fan dialogen, komt de lêzer mear te witten oer dizze trije froulju en harren relaasjes. Beppe Gertrud, Nynke, Elza en ek Geeske sels binne yn de famylje Wiggersma’s de ‘buitenbeentjes’, de útsûnderingen, dy’t foar in oar libben kieze as de gemiddelde húsfrou of mem tusken pakwei 1940 en 2005. De measten fan har hawwe in muoisume ferhâlding mei har eigen mem, dy’t de autonomy fan de dochters yn de wei stiet. Soks docht bliken út de mem-dochterrelaasje tusken Berna en Geeske. Sênes út de bernetiid fan Geeske meitsje dúdlik dat se har negative lichemsbyld urven hat fan har mem. Se is lomp, ûnhandich, grou genôch, in oaljefantsje, krijt se te hearren. Wylst nicht Nynke in rank, dûnsjend elfke is (side 14-15). Nynke har mem lit mei klam witte dat se leaver beppesizzers fan Nynke krijt as wittenskiplike ûndersiken nei boaiemdierkes (û.o. side 88). Elza, de iennichste muoike sûnder bern, hat psychyske problemen. Memmen jouwe harren neuroazes troch oan de dochters, lit Geeske sjen. En wat betsjut dat dan foar de ferhâlding tusken Geeske en har dochterke dy’t se fan de trep falle litten hat?

De libbensferhalen fan ferskillende generaasjes Wiggersma’s, de berne-oantinkens fan Geeske en har ûnderfinings as jonge mem komme yn dizze roman byinoar. Dy ferhalen binne yn in histoaryske kontekst set. Pake wie twangarbeider yn WOII en moete dêr Gertrud, de Dútske jonge frou mei wa’t er troude. Se wurde yn 1956 as kommunistyske húshâlding yn in Frysk doarp bedrige troch doarpsgenoaten en beslute dan nei de DDR ta te gean. Jierren letter komme se dochs werom yn Nederlân. Mar yn de moderne tiid harket de famylje net mear nei de sosjalistyske heilsboadskippen fan de âlde patriarch. Se litte him mar lulle. Lang om let komt sels beppe Gertrud yn opstân. Progressyf bliuwe se wol. De heit en mem fan Geeske geane as jonge âlden mei de hiele famylje te demonstrearjen tsjin de kearnwapens.

Fragminten út it mearkeboek dat Geeske oan har komateuze dochterke foarlêst, ferhalen út ferskillende histoaryske tiidrekken dy’t fan ynfloed wiene op de âldere generaasje, it mei-inoar musisearjen, de losse sênes mei berne-oantinkens, alles byinoar suggerearret dat der úteinlik in gearhingjend weefsel ûntstiet. Geeske liket har plak yn it libben reach te akseptearjen. Se slagget deryn om wer fan har dochter te hâlden en se bringt sels it petear mei har mem op gong. It komt oan de ein fan de roman dus wol wer goed tusken Geeske en Tsjitske, mar net tusken Geeske en har man Douwe. De relaasje Geeske-Douwe wurdt trouwens net genôch útwurke, de brek tusken de twa komt min ofte mear as in ferrassing. Mar it set myn foarriedige konklúzje oer dit boek, machteleas matriarchaat, wol ûnder spanning. Is it miskien krekt oarsom en meitsje de Wiggersma-froulju har hieltyd mear los fan har ôfhinklikens fan de manlju? Gertrud komt op har âlde dei yn opstân tsjin Gauke, Nynke sit lang mei har biningseangst en Geeske set Douwe oan de kant. Wat woe de skriuwster dêr no krekt mei sizze? By my as lêzer bliuwt dy fraach hingjen.

Libben reach is moai skreaun, stilistysk knap yn in Frysk dat in grutte taalrykdom ferriedt. De bredere histoaryske kontekst dêr’t it famyljeferhaal yn pleatst wurdt, is boppedat in pree. It set de lytse wrâld fan in jonge mem mei bern, dy’t hielendal opslokt wurdt troch de deistige besonjes, yn in grutter ramt.

Ta beslút

It memwêzen wurdt yn de fjouwer romans (Fragmint, Oar plak oare tiid, Paadwizer en Libben reach) perfoarst bepaald net idealisearre: depresje, ûngelokken en fragmintaasje fan it deistich libben lizze op de loer. Dy lêste konklúzje is net nij: de histoarika Annie Romein-Verschoor hie al in skerp each foar dy fragmintaasje en neamde harsels as wurkjende frou, wittenskipster en mem ‘een meisje voor halve dagen’, immen dy’t dêrtroch dus noait echt earne oan ta komt. Yn trije fan de fjouwer hjir neamde romans krijt de fragmintaasje fan it deistich libben ek foarm yn de komplekse struktuer fan it boek.

Yn de fjouwer romans sit ek in soarte fan ûntjouwing. Siket de haadpersoan yn Fragmint noch nei in oplossing fan har problemen mei help fan har freondinnen, yn de trije lettere romans wurde de haadpersoanen hieltyd yndividualistysker. Se sykje it allinne út. De túnarsjitekte fan Jetske Bilker kin har tiid sels yndiele. Mar dy frijheid is skyn, se sit emosjoneel wol fêst oan har soantsje. De ûngelokken dy’t in bern samar krije kin én de yntriizjes om it skoalplein hinne, soargje derfoar dat se sa út en troch hast tsjin de lampe rint: at it der wier op oan komt is it soantsje de belangrykste persoan yn har libben dêr’t se al it oare foar falle lit. Dêrmei is Oar plak, oare tiid lykwols noch gjin moralistysk boek. De measte 19de iuwske romans oer frjemdgeande memmen dy’t straft wurde foar har sûnden, binne dat ál.

Yn Paadwizer komme oare tema’s nei foaren. De ferhâlding tusken Marike en har mem en de syktocht fan Lena nei har biologyske mem. Lykas sein: Paadwizer is in roman yn in roman, mei in tal yntrigearjende klû’s dêr’t de lêzer mei oan de slach kin. Marike klopt oan by Linn, de skriuwster fan ‘Tur’, mar Linn jout gjin antwurd op har fragen. Se moat it sels mar útsykje mei har problemen. It priveelibben fan Linn bliuwt – bewust – in sletten boek. Dêrmei jout Eelkje Tuma as skriuwster in krêftich synjaal ôf. ‘Tur’ is de roman fan Linn. De relaasje fiksje-autobiografy giet in oar net oan.

Greet Andringa jout in soartgelyk statement oan de ein fan har boek yn har ferantwurding en lêste wurd:

Dit boek is net De Waarheid. Oare minsken hiene grif wer hiele oare bûlen blaasd út it oersop dat ik mei se diel.

De fjouwer neamde skriuwsters binne oars net perfoarst skriuwsters dy’t allinne oer ‘frouljusproblemen’ skriuwe. Yn de lettere romans fan Jetske Bilker en Greet Andringa komme manlju foar as haadpersoan (yn respektivelik It libben fan in oar en Ikarusblau).

As it oer de moeder de vrouw-tematyk, it tema fan de Nederlânske boekewike dit jier, giet binne der yn de Fryske literatuer mear prima romans fan skriuwsters te neamen, benammen oer de âldere froulju fan de foarige generaasje. Ik wiis hjir allinne mar op In kop as in almenak fan Elske Schotanus, en in tal boeken fan Riek Landman (In sterke frou en de Jentsje-trilogy). Mar yn dit stik woe ik yn earste ynstânsje marris de problematyk fan de jonge, moderne mem by de kop pakke. Alle boeken hie ik fansels al earder lêzen. It op ’e nij yn ’e kunde kommen mei de romans fan Margryt Poortstra, Jetske Bilker, Eelkje Tuma en Greet Andringa smyt dan dochs in pear ynsjoggen op. Bygelyks dat de mem-dochter-, of leaver dochter-memferhâlding hieltyd sintraler komt te stean.

Al skriuwende oan myn lêste skôging oer Libben reach, de ôfsluting fan dizze rige, krij ik in stik út de Volkskrant fan 13 maart 2019 ûnder eagen: ‘Laat nu eens de schrijvende moeders zelf aan het woord’, troch Annemarie de Gee en Eva Kelder. Se stelle in pear fragen oan de oarder nei oanlieding fan de manlike skriuwers dy’t yn boekfoarm wat oer harren âlde, faak demintearjende mem te mekkerjen hawwe. Ik sitearje út it ynstjoerde stik fan De Gee en Kelder, dy’t op ’e nij it boekewiketema fan 2019 oankaarte en it feit dat it wer manlju binne dy’t sawol it geskink (Jan Siebelink) as it essee (Murat Isik) skreaun hawwe:

Waar is de stem van de moeder in deze discussie dan? Waarom kijken we alleen naar haar door de ogen van witte, zestigjarige, schrijvende zonen? Waarom wordt er zo vaak óver haar geschreven, en niet door haar? Of beter gezegd: moeders schrijven natuurlijk wel, maar nemen zelden hun moederschap of kroost onder de literaire loep. Wanneer we binnen de literatuur wél over vrouwelijkheid of moederschap schrijven, wordt dit proza al snel weggezet als triviaal en truttig. (…) Maar literatuur is juist bij uitstek geschikt om diepgang te geven aan universele thema’s, en dan zou het krijgen van kinderen daarvoor niet in aanmerking komen – het creëren en doorgeven van het volledige leven. Vanuit daar waaieren de oude vertrouwde literaire thema’s je namelijk heus om de oren: liefde, dood, jeugd, jaloezie, seks, aftakeling, enzovoort.

Net alles wat De Gee en Kelder op it aljemint bringe, kin ik ûnderskriuwe. Guon saken lizze ek yn de Nederlânske literatuer krekt wer wat oars. Mar de pikoarder is yn de literatuer bepaald: literêre ferhalen fan jonge memmen oer har eigen ûnderfinings bedarje al gau yn de Libelle en de Margrietsfear, of op syn heechst as kollum yn de deiblêden. En dêryn binne it dan faak wol wer de populêrste kollums (Sylvia Witteman en Aaf Brandt Corstius)…

Foar Fryslân kin ik allinne mar mei de tefredenstimmende konklúzje beslute, dat wy yn ús eigen literatuer al lang goede, moderne skriuwsters hawwe dy’t har eigen ûnderfinings yn fiksje omset hawwe. Yn poerbêste romans dy’t wat te tinken jouwe oan de lêzer.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op