Anne Feddema

Wêrom skriuwe?

logo.ensafh

Doe skuorde de hegepryster syn klean stikken en sei: ‘Hy hat God belastere. Wat moatte wy noch mei mear tsjûgen? Jimme hawwe de godslastering sels heard. Wat tinkt jimme?’ Hja antwurden: ‘De dea skuldich.’ Doe spuiden se Him yn it gesicht en sloegen Him mei de fûsten, oaren ek mei kneppels, en se seinen: ‘Sis ús ris, profeet Kristus, wa is it dy’t Jo slein hat?’

Sokssawat is myn skriuwerskip begûn en dan in bytsje oars fansels. Sa wie it dekôr net it Sanhedrin út it Nije Testamint, mar in kroech, de Wynkúp, doe, jierren tachtich fan ’e foarige ieu, te finen yn ’e Doelesteech yn Ljouwert. Sanhedrin betsjut nammers byelkoar sitte en dat kloppe al. Ik siet mei myn freon, de dichter Cornelis van der Wal yn it kafee, kein en kwier oan ’e taapkast yn ús gerjochtshôf, dat dêr nammers ék werklik deunby sit. Ik skreau al in pear jier, fersen en krekt kollums en in goede freon dy’t de ûntjouwing fan skriuwende freon folget en dy’t by einbeslút sels al in man fan kwizekwânsje yn ’e wrâld fan ’e Fryske Literatuer is, woe wolris witte: ‘Wêrom skriuwsto eins, Anne?’

No is dat yn dizze tiden fan nepnijs ensfh. al net hielendal nei wierheid ferteld. Wy prate, dat is no ien kear sa, troch hegere machten fêstlein… Ljouwertsk… Leewaddes of – sucht – Liwwadders tegearre, alsa sei Cor: ‘Waarom skriefstou eileks, Anne?’ Wy hienen al moai even sitten en in aardich potsje bier op. Ik hie in kolbertke oan en in oerhimd en, ja ja, ek noch wol in broek hear, it hie oars sa mar kinnen of dy broek hie my wol op ’e ankels hongen, want de kearen dat ik myn broek yn it iepenbier… bier én kroech… nei ûnderen lutsen haw, binne net te tellen. Hawar, mar myn noch jonge en net folslein útwoeksen brein skeat yn it slot. Ik koe neat anderje en doe kaam ik omheech fan ’e barkruk en skuorde myn oerhimd fan ûnderen nei boppen yn twa helten, de knoopkes spatten alle kanten op.

Cor hie my fansels net belastere en ik wie en bin God net, wat ik my sa no en dan ek besykje wiis te meitsjen. Mar ik wist wis wier neat út te bringen. Ik hie dus gjin inkeld dúdlik byld of wurd foar eagen, wat yn ’e goedichheid dat ‘skriuwerskip’ fan my ynhâlde. En it soe samar ris kinne dat ik it nó noch hieltyd net wit. Jo skriuwer sûnder dúdlik karakterisearjende eigenskippen, dat is miskien wol de ferstuivere útkomst nei in minskelibben. Alteast, dat is it spûkbyld dat geregeldwei om ’e hoeke sjen komt. Mar, en dat wit ik ál… it is de meast terjochte fraach dy’t je jesels as keunstner stelle kinne… Wêrom doch ik dit of dat? Wêrom skriuwe… skilderje… muzyk meitsje… ensfh…? Wêrom? En foar wa? En dan ek nochris in kear: hoe? Je binne der altiten en ivich mei oan it ompankoekjen en oan ’e ein fan ’e rit sil in oar dan wol efkes fertelle wêrom’t it sa min of sa goed is.

It moaie bygelyks fan Facebook is dat eltsenien tsjintwurdich geweldich is: de tomkes as fearkes folje miljoenen kontgatsjes. Yn elk gefal witte jim no, foar as jim my dan in kear tsjinkomme yn it werklike libben… dát is Feddema… dy man mei dy stikkenskuorde klean… Aldergeloks hat er syn broek noch omheech… mar je witte fansels nea hoe lang oft dat duorret.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op