Kollum Aant Mulder: Dat kinst sa net sizze

logo.ensafh

Fan ’e wike hearde ik ferheard op. Ik wie ûnderweis om Fryske les te jaan. Doe’t ik der hast wie, rûn ik trije minsken foarby dy’t drok mei-inoar yn petear wiene. Om’t it al wat skimerich waard, seach ik net rjocht dúdlik wa’t it wiene. De man dy’t it wurd hie koe ik oan ’e stim werom. Dat wie de man fan it gebou dêr’t ik dy jûns Fryske les hie. Ik groete en tagelyk hearde ik dat se it oer my hiene. Bêst genôch, mar ik waard suver mar wat kjel doe’t ik hearde dat de man sei dat ik daliks wol by him ta de doar yn strune soe. Wie dat wat er tocht, makke er in grapke of begriep er it tiidwurd strune net rjocht? Ik soe stean bliuwe en der wat fan sizze. Dat die ’k net. Likegoed koe ik it letter dy jûns yn it skoft net litte en sprek de man derop oan. Eins hie ’k dat rinnendewei daliks al sa betocht.

Lês fierder by It Nijs

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op