Beart Oosterhaven

In album stiiffol hits

logo.ensafh

Begjin febrewaris fan dit jier brocht Sytse Haima fan Weidum syn twadde solo-cd Tsjin better witten yn? út. It is in skiif fol mei bysûnder goed yn it gehoar lizzende, oansteklike nûmers wurden, dy’t tekstueel én muzikaal suver sûnder wryt of slyt binne.

Townes Van Zandt

Multy-ynstrumintalist Sytse Haima hat, nei syn aventoeren mei de melodieuze punkrockband Kobus Gaat Naar Appelscha (dêr’t er elektryske gitaar yn spile) yn ’e jierren 1985-1989, winlik altyd muzikaal warber west op ’e snijflakken fan folk, country, bluegrass, pop en rock. Dat is foaral goed te hearren op ’e njoggen albums fan it duo Pigmeat, dat Haima tusken 1989 en 2009, tweintich jier lang, foarme mei in oare multy-ynstrumintalist: Jan(kobus) Seunnenga.

As men Sytse Haima syn twadde solo-album Tsjin better witten yn? beharket – mar op syn debút-cd De stille jout lûd (2016) wie dat ek al te hearren – dan hat men oanstriid en tink oan it wurk fan ’e Teksaanske singer-songwriter Townes Van Zandt (1944-1997). De mankelike toan dy’t trochklinkt yn gâns lieten fan Van Zandt sit ek yn frijwat nûmers fan Haima.

Affysje fan Pigmeat

Townes Van Zandt spile op 26 oktober 1990 foar ’t earst yn Ljouwert, nammentlik yn ’e Brouwershoeck (letter bekend as muzykkafee De Gloppe yn ’e Poststrjitte). Piter Wilkens die it foarprogramma! Ik wit net oft Sytse Haima tafallich ek oanwêzich wie by dat konsert, mar muzyksjoernalist Peter Bruinsma fan Ljouwert wie dat al! Bruinsma hat oer syn moeting mei Van Zandt op ’e krektneamde 26ste oktober 1990 in prachtich ferhaal skreaun ûnder de titel ‘Townes Van Zandt: leven op een portie Leeuwarder bitterballen’. Dat artikel is te finen yn it boekje by de ep-cd Nothin’-niks-neat-niks út 2007. Op dat skyfke wurde troch trije Noard-Nederlânske kollega-sjonger-lietsjesskriuwers fan Sytse Haima yn har eigen taal hieltyd twa nûmers fan Townes Van Zandt fertolke. Gerrit Breteler docht dat yn it Frysk, Martin Korthuis yn it Grinslannersk en Egbert Meyers yn it Drintsk.

Efterop it neamde cd-boekje fan Nothin’-niks-neat-niks stiet in moaie swart-wytfoto fan Townes Van Zandt yn aksje op in poadium, mei efter him, dúdlik te sjen, in affysje fan ’e titelleaze debút-cd fan Pigmeat út 1989. Ik haw in skoft tocht, dat dy foto makke wie yn ’e Brouwershoeck op ’e ‘bewuste’ 26 oktober 1990. Neifreegjen by Peter Bruinsma learde lykwols, dat de foto fan Townes Van Zandt mei efter him de affysje fan Pigmeat, by in folgjend optreden earne yn Limboarch makke is. Dat de affysje fan Pigmeat dêr doe (yn 1990) al hinge, seit wat oer hoe gau’t Sytse Haima en Jan Seunnenga as duo lanlike bekendheid krigen!

Mankelyk én engazjearre
It boppesteande skiednisferhaaltsje oer de link Townes Van Zandt-Pigmeat-Sytse Haima moast eefkes ferteld wurde, om’t, lykas sein, yn it tekstuele – mar ek yn it muzikale (sjoch fierderop) – fan ’e trije neamden oerienkomsten sitte. Tekstueel is dat dus foaral it elemint fan ’e mankelikens. Op Sytse Haima syn jongste, fyftjin nûmers tellende, album is dat goed te hearren yn it nûmer ‘Hiesto hjir noch by ús west’, dat oer syn tige jong ferstoarne broer giet:

As in wale foel dyn ferstjerren oer ús libbenspaad
Ûnpeilber djip luts dat syn spoar, sûnder wurden waard it praat
Ja, hoe maklik groeit men út mekoar as de ien de oare net mear fynt
Dan wurdt der dwaald, dan wurdt der swalke
om wer te finen wat je bynt

Mar ek yn ‘Wêrom is it sa’t it is?’ stiet in kûplet, dat sá út in nûmer fan Townes Van Zandt komme kinne soe:

Alles dêr’tst op leundest, alles dêr’tst dyn rêst yn fûnst
Is ûnder dyn fuotten fuortslein, no giselest yn it rûn
Libje mei ’t besef datst gjin bern mear wêze silst
Wêrom bart wat barre moat, wêrom is it sa’t it is?

Townes Van Zandt hie behalve in mankelike ek in engazjearre, maatskippij-krityske kant, sa’t er dy bygelyks hearre lit yn it troch Peter La Farge skreaune, mar troch him útfierde, nûmer oer it teloargean fan ’e Amerikaanske yndianekultuer ‘Ira Hayes’ (cd Roadsongs [1994]). Sa’n selde soarte fan engazjearrens en maatskippij-kritysk skôgjen is by Sytse Haima werom te finen yn it titelnûmer Tsjin better witten yn?:

Wy wurkje ús te pletter foar in goed en wis bestean
Wy drav’ en fleane foar de baas foar in bytsje lean
In fêste baan biedt fêstichheid yn in ûnwisse tiid
Mar ûndertusken wit ik wol dat wissichheid noait bestiet

en yn ‘Lit dy dochs net naaie!’:

It grutte kapitaal ken de mesken fan de wet
En oan ’e ein fan it ferhaal fiskesto achter it net
Hearen fan de bank gean’ oan de haal
As in soart’ fan tank, mei dyn kapitaal

Meinimmende meldijen

Doch is it net sa, dat de nûmers fan Tsjin better witten yn? allegéár wakker ‘serieus’ oerkomme. Krekt oarsom! Der sitte ek genôch stikken tusken dy’t ynhâldlik in lichtere toan oanslagge, lykas ‘Kuierje mei Greetsje, Klaas & Chris’, ‘Trije spul is út’, ‘Geart út Gersleat’ en it moaie leafdesliet ‘Sûnder dy’.

Dat Tsjin better witten yn? as gehiel op jin oerkomt as in frij lichtfuottige cd, komt troch de meinimmende meldijen dy’t Sytse Haima komponearre hat en de wize dêr’t er de nûmers muzikaal op ynfolle hat. Hoewol’t er, lykas Townes Van Zandt en sa’t er yndertiid die yn syn Pigmeat-tiid, de akoestyske gitaar in soad brûkt, past er ek gâns oare ynstruminten ta. De measte dêrfan (akoestyske en elektryske bas, fjouwersnarige banjo, ukelele, mûlharpe, toetsen en basdrum) spilet er sels, mar Menzo Rohn stiet him by op piano; de slachwurker fan De Kast, Nico Outhuijse, spilet drums en perkusje; Tsead Nauta draacht in fioelepartij by en Anke Boersma en Sipke de Boer fersoargje de treflike koarkes. Dêrtoch is Tsjin better witten yn? winlik in album stiiffol potinsjele radio-hits wurden. Gjin niget, dat it krektneamde titelnûmer, mar ek ‘Al springsto heech’, ‘Trije spul is út’ en ‘Wat fliksto my no?’, al in soad op ’e radio te hearren west hawwe!

Lust foar it each

Behalve dat it album Tsjin better witten yn? tekstueel, muzikaal en, mei tank oan Nico Outhuijse en ’e fasiliteiten yn dy syn ‘Grien Room Studio’ te Ljouwert, ek produksjoneel suver sûnder wryt of slyt is, is it ‘stoflik omskot’ fan ’e skiif sûnder mear in lust foar it each! Yn dat stik fan saken moatte hjir by einsluten de nammen fan Wybo Smids (foarmjouwing) en Piet Douma (fotografy) mei eare neamd wurde.

Sytse Haima: Tsjin better witten yn? (cd); SH Produksjes; Weidum 2019; 058 2519674 | 06 30941788 | info@sytsehaima.nl

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op