Blog Lomme Schokker: Yn wêzen it gat

logo.ensafh

No snap ik wêrom ús heit, de Vietnamveteraan, neat fertelle koe oer syn ûnderfiningen dêr yn de djipten fan de tunnels. No snap ik wêrom minsken net prate wolle, harren nea net uterje kinne oer the hole in their soul, the road to hell and beyond. No’t ik stadichoan út myn swiere depresje omheech krûp wol ik der eins ek net oer prate. Ik doar it net. Bin bang. Mar fan myn shrink moat ik it fan my ôfskriuwe. Nei dy ta sil ik ris wat besykje. Mar jonge, do silst it gat fan myn wêzen en de djipten fan myn wanhope nea fiele. It frette my fan binnen wei út.

Lês fierder by Lomme Schokker

2
Reageer op dit artikel

avatar
2 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
AbeRemco Kuiper Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Remco Kuiper
Gast
Remco Kuiper

foar Lomme Schokker

Depresje

Ik kin
it rotsblok
net loslitte

Myn hân soe
it kinne mar
de holle wol
net

De mûle
fergriemt wer
in wurd dat ik
sis

It gat
yn myn wêzen
De tiid dy’t
my útfret

Wat swart-
wyt en griis is
it rotsblok dat
stiet

Kin ik net loslitte
om’t it is
wat ik
mis

Remco Kuiper

Abe
Gast

Ferslach Foar de jiergearkomste, En foar in foargonger Fjirtich likes foar in stichtlik rymke Is de Fryske literatuer: Efkes pike achter in gerdynke. Oanret wurdt in poeierkuer Of, fansels, bekearing ta God. Lid kin men wurde fan in boekjerûnte, Lêze oer ’t skriklik tsjuster lot Fan in Gurbe, troch boerebûnte Melodrama’s bûn oan syn Lol, Of oer ’t nijste festivalwyske, Of de flechtlingekampen fol Yn ’t ûnfryske paradyske. Yn ’e krante en ’t koppeboek Kreauwe de skriuwers om ’e rochel. Bidde kin ik en ik hâld hoek, Unberoerber rinnend mei in bochel, Troch de strjitten fan ús poëzij, Fan –… Lees verder »