Henk Nijp

Sifers

logo.ensafh

Somtiden is it al oan de ‘deadline’ ta en hat him noch hieltyd net in gaadlik ûnderwerp foar in kollum oantsjinne. En dan moat der dochs wat komme…
It waar soe kinne en dan yn ferbân mei de feroaringen fan it klimaat. De kommende apokalyps, de bedrige natuer, de ûndergong fan de planeet. Mar ik fûn de simmer fan ferline jier, as ik hiel earlik bin, wol lekker. En mei in febrewarismoanne as fan dit jier, mei de krookjes sawat fjouwer wike earder yn bloei, hâld ik it derop dat it no deselde kant wer op giet. Neffens de statistyk sil dat wol net kinne en it sil ek wol net sa net hearre, mar my silst der net oer hearre. Dochs, in klimaatûntkenner bin ik net. Ik sjoch de earnst der wier wol fan yn, mar doch my sok moai waar mar. Ik bedoel, in kâlde wiete simmer lost it probleem ek net op.

Boppedat hoecht de kachel yn sa’n simmerskoft dan in moanne of trije, fjouwer net oan, hoefolle CO2-útstjit skilt dat? Mar ja, sa sille wy net.
Oer sifers dan, en hoe’t dêr yn polityk De Haach, mar hast ek yn alle oare politike lagen mei omsprongen wurdt. Hoe gau’t der wat mis mei is mei berekkeningen en dat dat, hiel nuver, efterôf pas bliken docht. Dat dan gau rjochtbreidzje mei in slop ‘sorry’ en hurd roppe dat ‘wy der fan leare moatte’ en dat ‘wy it sa net wer sa dogge’. Alle kearen wer. Krektlyn skeat it KNMI in bok mei de ierdbevingsskoares. De registraasjemasines stiene ferkeard ynsteld. No klopje de sifers fan dy bevingen net mear en dêr hinget de skeafergoeding no krekt fanôf. Wol wat in nuvere regeling fansels; alle huzen sille ek net like deeglik boud wêze, dat is yn Grinslân grif net oars as hjir. Dus it iene hûs leit earder om as it oare, as de boel dêr opskodde wurdt. Dat hat met de skaal fan Richter fierder net it measte te krijen. Mar Wiebes sil op hege poaten by it KNMI del om ferhaal te heljen. En dan? Feroaret der dan ek wat foar de Grinzers yn har wibelwenten? Ik moat it noch sjen. Ik wit net hokker technyske termometers se yn De Bilt brûke, mar ik mei lije dat der net te folle ynstelknopkes oan sitte. Aanst kloppet der ek noch neat fan al dy rekôrs fan de ôfrûne febrewarisdagen. Wa giet der eins oer it waar? Moat Wiebes dêr dan ek wer efteroan? Se sjogge him al oankommen…
Of oer it postbedriuw. Wy binne wer werom by it begjin. De Grutte fret de Lytse op en no komt der wer ien postrinner. Earst in moai nustje postkantoaren ticht, bussen weihelle, segels knap stik djoerder fanwege de oprinnende kosten en de konkurrinsje en no de lapen wer gear. Soe de tsjinstferliening der no ek wer op foarút gean? Moandeis ek wer post? Miskien wol in idee foar Pier Eringa en meitsje fan al dy spoarbedriuwen wer ien NS. Arriva der ek mar by en Breng en Connexxion en hoe’t al dy lytskes fierder ek mar hite meie. Kinne wy ek gau wer fan al dy ferskillende yn-en-úttsjekpealtsjes en -poarten ôf. Dat soe it reizgjen mei de trein wer in stikje nofliker meitsje. Miskien wurde de fertragingen dan ek wat minder, hoecht dy Suderseeline der ek net mear te kommen. Safolle winst leveret dy no ek wer net op. En dat skilt grif ek wer in protte aksjegroepen, MER’s en ynspraakjûnen. En meitsje der dan fuort mar wer steatsbedriuwen fan, krekt as fan KLM. Soe it helpe…?

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op