In leginde oer Wulfram en Redbad

logo.ensafh

Yn de keningsseal fan de boarch siet kening Redbad op syn troan en neist him siet syn suster. “Broer”, sei se, “wolsto de fromme Wulfram ûntfange? Hy sil dy fan Kristus fertelle.” De kening seach syn riedslju, de haadlju en de hofdichters dy’t om him hinne stiene, yn ’e eagen. Harren hoegde er neat te freegjen. Fan elkenien koe er de mieningen en gedachten. Fan Iglo, de drystmoedige kriichshaadman, fan Tako, de fynfielende sjenner, fan Bernlef, it ferheftige prysterhaad en fan alle oaren. Doe seach er oer de hollen fan syn riedslju hinne nei it sinnerêd boppe de yngong fan de seal. In tydlik byld fan de ivichheid, hie Tako dat sinnerêd neamd. Fan it tydlike wist kening Redbad in soad, mar fan de ivichheid in bytsje of eins neat.

De kening wonk syn suster. De kristenpreker soe yn harren fermidden fan syn God sprekke meie. Hie er in Frank west, dan soe kening Redbad him dat nea tastien hawwe, mar hy wie in folgeling fan Willibrord, en ek in Angelsaks, en syn famylje wie besibbe oan dy fan de Fryske foarst. De muonts waard foar de kening laat. Frijmoedich stie er foar syn gasthear. “Sprek!” sei Redbad.

Lês fierder by It Nijs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op