Martijn Kingma

Nije lêzers winne foar de Fryske literatuer yn (KH)2018

logo.ensafh

Yn it ramt fan Kulturele Haadstêd 2018 binne allerhanne projekten opset om de Fryske kultuer út te dragen, en literatuer is fansels in wichtich part fan kultuer. No is it ek sa dat taal lestich te ‘marketen’ is. Je kinne kieze foar in ynklusive oanpak, lykas it talepaviljoen OBE op it Aldehoustertsjerkhôf mei it motto “alles is taal”, mar je kinne ek kieze foar in wat konvinsjonelere oanpak en de Fryske literatuer oan in breder en nij publyk presintearje. Ik sil yn dit resinsje-artikel twa boeken besprekke dy’t dat op hiel ferskillende wizen besykje te dwaan: Salang’t de beam bloeit (hjirnei SDBB) fan Joke Corporaal en Swallows and Floating Horses (hjirnei SFH) fan Ernst Bruinsma, Alpita de Jong en André Looijenga.

SDBB is ferskynd as kompaktere en tagonklikere tsjinhinger fan Zolang de wind van de wolken waait út 2006, en dêr slagget it aardich yn. De titel is in knypeach nei dat eardere boek, beide ha as titel in ivichheidsformule út it Aldfryske rjocht. Yn sân haadstikken en sa’n 130 siden jaget it troch de Fryske literatuerskiednis fan de midsiuwen oant de digitale generaasje, mei ferdjipjende finsters oer belangrike persoanen, teksten of saken út it behannele tiidrek. Ferwachtsje hjir gjin literatuerteory of al te technyske termen, it is neffens it foarwurd bedoeld foar middelbere skoallen en besikers fan Kulturele Haadstêd 2018. Troch de kleurrike siden mei in protte ôfbyldingen is it grif makliker op te pakken foar jongerein dy’t ynteressearre is yn de Fryske literatuer as de bytiden drege foargonger. Ek in toerist dy’t yn Fryslân in boekwinkel ynstapt, sil earder as earste stap yn de minderheidsliteratuer fan it Frysk in yntrodusearjend boekje meinimme as in drûch, tsjok boek. Mei it each op toerisme sil it wurk dan ek net allinnich yn it Frysk drukt wêze, mar ek yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk.

De oanpak fan SFH is hiel oars. SDBB fertelt de Fryske literatuerskiednis as in rinnende tekst, SFH fertelt it ferhaal fan de Fryske literatuer oan de hân fan in tekstseleksje, oftewol in blomlêzing. It is it njoggende diel yn de rige “Lesser Used Languages of Europe” fan de Ingelske útjouwerij Francis Boutle Publishers. Opfallend is dat SFH mei 380 siden ien fan de lytsten yn dy rige is. De útkeazen teksten wurde foarôfgien troch in stikje kontekst en dêrnei in oersetting, beide yn it Ingelsk. Sadwaande is it in twatalige blomlêzing. Troch it Ingelsk te brûken, leit de Fryske literatuer no klear foar toeristen, bûtenlânske lêzers en oaren dy’t benijd binne om wat yn de Fryske literatuer om te sneupen.

Wylst de opset fan beide boeken hast net mear faninoar ferskille koe, is de ynstek deselde: Fryske literatuer ferkeapje oan in grutter publyk. SDBB wol de skiednis fan de Fryske literatuer fertelle, en SFH wol “it ferhaal fan de Fryske taal en har sprekkers” oan de lêzer bybringe. In krúsjaal punt by it doel fan beide boeken is de Fryskens fan de besprutsen literatuer. Hjir rinne wy al gau tsjin in mar al te bekend probleem oan: wat is no krekt Fryske literatuer?

Der binne guon skriuwers dy’t safolle foar de Fryske literatuer dien ha, dat elk boek oer Fryske literatuer har wol behannelje moat, foarbylden dêrfan binne Gysbert Japix, Obe Postma en Trinus Riemersma. Yn beide boeken komme dy kanonnen fan de Fryske literatuer wol foarby. Neffens it foarwurd hat de redaksje har bêst dien SFH gjin kanon fan Fryske poëzy en proaza wurde te litten, dat har te priizgjen stiet. SDBB folget in oare wei en omearmet de kanonfoarming, mar dat is mei it doel fan it boek yn de efterholle te begripen.

Dochs is it opfallend foar hokker oare, en dan bedoel ik oarstalige, teksten SFH keazen hat. Om har misje fan it fertellen fan it Fryske ferhaal rjocht te dwaan, wurdt bygelyks in tekst út de Napoleontyske tiid (1813 om presys te wêzen) oanhelle mei in frij negative beskriuwing fan it doarp Hylpen troch Johan Gijsbert Verstolk van Soelen fan yn totaal sa’n twa siden. Der stiet yn SFH sels in Nederlânske oersetting fan de Frânske(!) klassiker Gargantua fan Rabelais, mei in pear grappige platte Fryske sintsjes tuskentroch. Yn totaal binne fan de 352 ynhâldlike siden 41 net orizjineel yn it Frysk publisearre (dat is goed 11%).

Oft dat in slimme saak is, binne de mieningen ferdield oer. Yn 1932 oppenearre Wumkes yn Paden fen Fryslân al dat net de “tael”, mar de “geast” it kritearium wêze moast foar wat Fryske literatuer is. Yn 2016 kaam Nijkeuter mei in selde soart opfetting yn syn boek oer de Drintske literatuerskiednis. Hy brûkt foar de Drintske literatuer de folgjende – frijwat ekstreme – definysje: alle literêre teksten skreaun yn it Drintsk, Nederlânsktalige literatuer mei in regionaal karakter skreaun troch Drinten, en ek wurken dy’t de geast fan de regio útazemje mar net troch Drinten skreaun binne. It liket derop dat SFH dy definysje, en dan benammen it lêste part, oanhâldt. In foarbyld dêrfan is it opnimmen fan Viajes, frutas, barrios fan Maite González Esnal, de Spaansk-Baskyske partner fan Josse de Haan. Foar skriuwers as Vestdijk en Slauerhoff, sûnder mis skriuwers mei in ferline yn Fryslân, is dan wer gjin plak yn SFH. Mar de lêzer sil dochs efkes raar opsjen as op side 278 Rutger Kopland foarbykomt yn in boek mei de ûndertitel “An anthology of Frisian literature”.

Dat beide boeken gjin eksplisite útspraak dogge oer wat sy as Fryske literatuer beskôgje, of oars yn elk gefal fertelle wat yn dat boek oanholden wurdt as Fryske literatuer, fyn ik dochs in negative saak. As je in boek skriuwe oer in bepaald fenomeen, dan definiearje je dat oan it begjin. SFH hâldt der yn de praktyk in hiel romme definysje op nei, mar SDBB bliuwt ymplisyt by it klassike stânpunt: Fryske literatuer is Frysktalige literatuer.

De opbou fan SDBB yn kompakte haadstikken is foar ien dy’t nij yn de Fryske literatuer is hiel oersichtlik. Dochs is oer dit boek ek wol it ien en oar op te merken. Sa laket Aggie van der Meer de lêzer op side 118 suver maniakaal ta, dêr hie wol in bettere foto stean kinnen. Fierder stiet op side 120 dat de Facebookside fan It Skriuwersboun fungearret as digitale stamtafel foar skriuwers, sjoernalisten, oersetters en leararen Frysk. Mei 14 likes (meast fan skriuwers sels) as heechste tal yn jannewaris, by de beneaming fan Tsead Bruinja ta Dichter des Vaderlands, fyn ik dat dat net hielendal opgiet. Dochs is SDBB oer it gehiel in prima basale literatuerskiednis, dat it soms wat koart troch de bocht giet is miskien ek wol de krêft fan it boek.

Wat fierder opfalt is dat beide boeken oare aksinten lizze. SFH hat teksten fan Noard- en Eastfryske skriuwers, dêr’t SDBB gjin omtinken oan jout bûten it neamen fan de eartiidske omfang fan Fryslân tusken Weser en Swin. Foar it “ferhaal fan de Fryske taal” is dat in sinfolle útstap nei Frysktalige literatuer dy’t faak fergetten wurdt. Oan de oare kant hat SDBB dan wer mear romte foar populêre literatuer, fan bygelyks Rink van der Velde en Hylke Speerstra. It is neffens my kwealik dat SFH dêr amper romte oan jout, it is ommers ien fan de lytste boeken út de rige, dat der hie wol romte foar west. Foar it ferhaal fan de Friezen en har taal is de populêre literatuer ûnmisber, hielendal omdat boppeneamde twa sa’n bytsje de bêst ferkochte Fryske skriuwers oait binne.

Je soene SFH sjen kinne as in yllustraasje fan SDBB. SFH is as twatalige blomlêzing foar in oar publyk skreaun as SDBB, dy’t om it samar te sizzen SDBB al lêzen ha en niget krigen ha om har fierder te ferdjipjen yn de Fryske literatuer. SFH is dan in prima ferfolch foar de nije lêzer, ek al binne de teksten soms wat ûnortodoks keazen. Dochs sil de lêzer fan beide boeken in goed byld krije fan de ‘who’s who’ yn de Fryske literatuerwrâld en biede beide boeken in goede earste stap foar in nije oanwaaks fan ynteressearre minsken, dy’t foar de Fryske literatuer o sa nedich binne.

Nei oanlieding fan:

Corporaal, Joke. Salang’t de beam bloeit, koarte skiednis fan de Fryske literatuer. De Gerdyk: Bornmeer. 2018. ISBN: 9789056154554.
Bruinsma, Ernst, Alpita de Jong en André Looijenga. Swallows and Floating Horses, An Anthology of Frisian Literature. Lesser Used Languages of Europe Series – vol 9. Londen: Francis Boutle Publishers. 2018. ISBN: 9781999903770.

Literatuer:

Bruinsma, Ernst, Alpita de Jong en André Looijenga. Swallows and Floating Horses, An Anthology of Frisian Literature. Lesser Used Languages of Europe Series – vol 9. Londen: Francis Boutle Publishers. 2018. ISBN: 9781999903770.
Corporaal, Joke. Salang’t de beam bloeit, koarte skiednis fan de Fryske literatuer. De Gerdyk: Bornmeer. 2018. ISBN: 9789056154554.
Nijkeuter, Henk. Waor roet en blommen wortel schiet in ’t veld. Geschiedenis van de Drentse literatuur 1945-2015. Beilen: Het Drentse Boek. 2016.
Wumkes, Geert Aeilco. Paden fen Fryslân. Boalsert: Osinga. 1932.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op