Kollum Aant Mulder: Net samar fan ’e flier op ’e souder

logo.ensafh

Net samar fan de flier op ’e souder stappe wolle. Dat is in útdrukking, in siswize, dêr’t ik mar min oer kin. Soks wurdt gauris sein as immen tefolle tagelyk feroarje wol. Foar alle dúdlikens, it binne ornaris de oaren dy’t fine dat dejingen dy’t dingen oars dwaan wolle te hurd geane en dy’t alles mar leaver hâlde sa’t it is. Ik wit der alles fan. Ik wie noch mar krekt haad fan de skoalle, doe’t ik betocht dat guon dingen wol wat oars en faaks wol wat better koene. Doe’t ik dêr op in âlderjûn oer op ’e tekst rekke, waard dúdlik dat de âlders dêr noch net oan ta wiene. De oare deis yn in petear mei immen dy’t eins neat mei dy diskusje te krijen hie, krige ik wol te hearren dat ik net daliks fan de flier op ’e souder stappe moast. Soks wiene de âlders yn dy omkriten net wend. Ik moast tuike-tuike oan en dat wylst ik al tocht dat ik dat die.

Lês fierder by It Nijs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op