Kollum Eelke Lok: Frysk

logo.ensafh

Frysk

Ik lies moandei de kollum fan Nynke van der Zee oer har seksuele ynburgering. Ik bin nochal wat âlder as Nynke, by ús gie it noch oars. Mem sei neat, mar joech, doe’t ik nei de HBS soe, my swijend it boekje “Mammie waar kom ik vandaan”. It wie fan de ferieniging foar seksuele herfoarming, de NVSH. Ik ha’t boekje lêzen en fierder rêdde it him wol. Inkeld oer soksoarte saken as homo’s en dûbelfluiters wisten wy doe hielendal noch neat.

Tsjintwurdich witte bern soks al, at se by wize fan sprekken noch embryo binne. Alles is bekind en yn byld. Allinne wy komme yn it Frysk dêrmei fansels efterop. Dat wie al sa doe’t we langút oer de Smearlappen fan Anne Wadman foelen, wylst sels hiel Staphorst “Ik Jan Cremer” al lêzen hie.

Bart Kingma hat it oplost. Hy skreau “Seks to the Max”, in Frysk boekje oer Max Wouda dy’t op knoffelige wize dat seksuele ferhaal oanrikt krijt.

Lês fierder by Eelke Lok

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *