Giny Bastiaans

Wopke, Thierry, en Michel Vaillant

logo.ensafh

Ik wie bliid dat ik siet. Lekker waarm yn de foarste kûpee. Krantsje mei. Oant Swolle ta koe ik my moai deljaan en wer wat opdrûgje. Huh, wat in waar!

It wie as altiten drok yn ’e trein en njonken my struts in soerstâlrôze jas del. Mei in swiet luchtsje der oerhinne. Moast sy witte.

Ik begûn oan it stik op de foarside. Grutte foto fan Wopke Hoekstra derby.

De trein sette sok en fan rjochts kaam in lange wiisfinger mei in rôze neil dy’t de foto fan de minister op ’e krante oantikke. ‘Fine jo dat ek sa’n áárdige man, dy minister Wopke Hoekstra?’

Ik wie krekt begûn oan it artikel. It lei der oan.

‘O, ik fyn dat sa’n prachtige jonge, fine jo ek net?’

‘No… uuuh,’ sei ik.

‘Dat tocht ik al. Jo ek,’ nokkere se en gie der efkes noflik foar sitten.

‘Ach,’ gie se fierder, ‘Ik fal op manlju dêr’t je noch in bytsje oan sjen kinne hoe’t se der útseagen as lyts jonkje. Witte jo wol?’

‘Ummm,’ sei ik.

‘Ja moai, jo begripe it, sjoch ik. Jo ha ek bern?’

Ik tocht oan ús bern. It wiene allang gjin bern mear. It wiene mear in man en in frou. Mar ja, it bliuwe jo bern. Dat dan wer wol.

‘Ja, ik seach it wol,’ lake se, ‘oan dat memme-glimke.’

Ik woe eins wol fierder mei de krante en rissele wat mei de blêden om. Mar se pikte de hint net op.

‘Ik ha ien bern. In jonge. Hy is no direkteur fan in grut bedriuw. En as er by my delkomt – it komt net sá faak foar – dan rydt er foar yn sa’n ûnbidich grutte auto. Donkerblau pak oan. Strik foar. Hastich de auto út, hastich oanbelje. Drok drok drok. Ik skink him tee yn, krekt sa’t ik dat die as er út skoalle kaam. Ik lústerje nei wat er seit, mar ik hear him net. Ik begryp somtiden net wêr’t er it oer hat. En dat komt net omdat er Hollânsk praat. Want dat Frysk hat er ferleard, seit er. Nee dêr hat it neat mei te krijen. At wy foar elkoar oer sitte, oan ús bakje tee, dan sjoch ik him oan. Dy grouwe fjouwerkante kop, dy ûnderkinnen, dy eagen, en dan sykje ik syn gesicht ôf at ik noch wat werom fine kin fan dat jonkje dat er wie doe’t er tsien wie.’

Ik seach it kopke fan ús soan foar my. Oan ’e tafel. Tsien jier âld. Sa’n tritich jier lyn. Grutte brune eagen boppe syn bakje tee. Eagen dy’t altyd wol yn ’e fierte lieken te sjen. Eagen fol dreamen.

‘Sjoch, wolle jo ek sa’n fijn âlderwetsk snoepke fan my ha? Ik ha altyd soks by my. Sa lekker.’

‘Kenielstok tocht ik,’ sei ik, ‘dat is in skoft lyn.’

En ja, se wiene noch like lekker as pak ’m beet, 50 jier lyn.

Se wie noch net útpraat.

‘Ik ha my ôffrege wannear’t dy jonge fan my dat jongeskopke kwyt rekke is. Wannear krijt ien no sa’n direkteurskop? Wannear is dat bard? Ik hie der neat fan yn ’e gaten. Samar ynienen seach ik it. Dat er sa’n kop hie. Krije se dat fansels at se baas binne of ha se dat dêrfoar al? En hoe komt dat dan? Fan wat se ite, drinke, fan wat?’

Ik soe it net witte.

‘Wopke Hoekstra hat noch net sa’n kop,’ sei se. ‘Dêr kin ik noch oan sjen hoe’t hy der útseach as lyts jonkje. No ja, dat is te sizzen, wol ien dy’t ek al wat stoer op it skoalplein wurdt. Spierballen sjen lit, mei sa’n snoeverich snútsje. En yn alle gefallen net mear mem har pop wêze wol. Tinkt er. Mar hy hat syn dreamen noch wol.’

Ik beseach de foto yn de krante nochris. Siet wat yn.

‘Dy Thierry Baudet hat dat ek wol wat, mei syn moaie brune eagen,’ bearde se ynienen, ‘fine jo ek net?’

Ik glimke. Dêrom tocht sy dat ik it mei har iens wie, want se seach my tefreden oan. Ik hold my stil, sa’n sleauwe tutte bin ik dan ek wer. En siet ûnderwilens te tinken oan ús soan. Ik hie him in skoft net sjoen. Mar ferline wike siet er wer oan de grutte tafel. Lykas eartiids oan syn bakje tee. Deselde brune eagen. Mar skerper fan blik. Hy seach dwers troch my hinne. ‘Mem oan it oprêden? Hûs wurdt wol grut, hin?’

Ik hie him frege om syn âlde stripboeken út te sykjen. Wat fuort koe en wat net.

Hy gie der troch hinne as wie de tiid stilstean bleaun.

Der koe neat fuort.

O ja, hy naam in pear mei. Michel Vaillant en het helse circus. En Michel Vaillant en zijn vergeten overwinningen.

Sa gie hy de ratrace wer yn. De hurde wrâld dy’t syn eagen feroare hie.

Mar de âlde dreamen sieten der noch.

De trein stoppe. Frou Hoekstra-Baudet kaam omheech. ‘No doech’, sei se, ‘ik sil sjen at ik in kadootsje foar him fine kin. “Doe maar een goed boek,” sei er. “Als het maar geen Fries is!” Want dat koe hy net mear. De kloat. Soe Wopke Hoekstra dat noch wol kinne, Frysk prate?’ Mei in huppeltsje stapte se it perron op.

 

 

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op