Teleks: Bûtensteanders en it Podium fan de LC

logo.ensafh

Ynstjoerd

Wat him earst ôfspile
Yn har kollum (LC, 15-3-2019: ‘Fries’) skreau Kirsten van Santen dat de ‘great Frisian novel’ ek wol yn it Nederlânsk skreaun wurde koe, mar hja leaude dat in bûtensteander, lykas as hja harsels beskôget, dêr faaks neat fan fine mocht. De oare deis ferskynde der al in reaksje fan Kerst Huisman yn Ingezonden (LC, 16-3-2019: ‘Friese roman in het Nederlands’) dêr’t er yn ferkundige dat Stiefmoeder Aarde eins al de ‘great Frisian novel’ wie. Ik haw der ek op reagearre (LC, 19-3-2019: ‘Frisian literature’), mar myn ynstek wie in bytsje oars. Ik sjoch it as in (ûn-)bewuste oanslach om de betsjutting fan it attribút Frysk of Fries sa te feroarjen dat de taal der net mear ûnder falt. Sa kin Fryske literatuer dan ek Hollânsktalig wêze. It sil dan altemets wol betsjutte dat de skriuwer út Fryslân komt (nei alle gedachten wer net út East-, West- of Noard-Fryslân). Dêr bin ik tsjinyn gien. Mei Frysk tsjut ik nammentlik yn it foarste plak: ús taal oan. En dat ik dêr net in ekstremist yn bin, wurdt bewiisd troch in lyts tinkeksperimint: “pleats yn deselde sitewaasje ris foar it wurd Frysk it wurd Hollânsk en foar Hollânsk ien of oare taal, bygelyks Arabysk.” Dan feroaret de miening fan Van Santen yn: “De ‘great Dutch novel’ kin ek wol yn it Arabysk skreaun wurde.” Hoe singelier is dat? Sokke tinkeksperimintsjes mei ik wol oer, want se jouwe wol in helder ljocht op de saak, as immen besiket it Frysk del te dwaan. Rimmer Mulder kin der mar min oer. Hy fynt myn foarbyld mar nuver en my fanatyk (LC, 29-3-2019: ‘Buitenstaanders en eigenheimers’). Mei sokke wurden hawwe jo dochs rjocht op wjerwurd, soene jo tinke.

Net by de Ljouwerter Krante dus. Nei Mulder syn stik fûn de LC dat der wol genôch oer dit ûnderwerp skreaun wie.

Lês fierder by Piter Dykstra op It Nijs

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op