Henk Nijp

Húswarje

logo.ensafh

Ik wie let, it rûn al tsjin alven, ik hie noch gjin moarnsbrochje hân en der wie gjin bôle mear yn ‘e hûs. De sinne skynde folop en de bakker wie mar in eintsje rinnen dat wy koene der wol even om út. De wyn wie noch wol fris dat de jassen mochten wol goed ticht. Goed en wol bûten fleach der in plysjewein mei swaailjochten en sirene oan ús foarby. Mar dat bart wol gauris yn dizze stêd en nimmen sjocht der noch fan op. Even fierder, op de Vleutenseweg, hearde N. as earste fan ús in helikopter en hja socht tusken de wite wolkjes nei wêr’t it lûd weikaam. Al gau hie se de droktemakker yn byld en doe seach se der noch ien en noch wer ien. Se wie hielendal optein fan safolle moais byinoar. Lytse S. hie har lekker deljûn yn de bernewein, dy hie har drinken hân en makke har nearne drok oer.

Yn ‘e bakkerswinkel wie N. even in momint fan it sintrum, se hiene it ynterieur dêr wat feroare en de hege krukken dêr’t se oars altyd even op sitte koe, wiene opoffere oan ‘e nije ‘look’. Mar it wenstige lytse krinteboltsje makke lykwols wer in soad goed, se haffele der lekker yn om. Nei de bestelling, it moaie waar, in dankewol en oant de oare kear en mei de bôle en it oare bakkersguod yn ‘e tas gong it fia in wat oare rûte wer op hûs oan. De helikopters fleagen noch, drok as grouwe blauwe miggen, hinne en wer boppe ús hollen en N. seach hieltyd mar omheech. Op ‘e dyk wie it o, sa rêstich, hast gjin ferkear, dat wie al wat apart. Yn de fierte hearden wy noch mear sirenes. Wy ornearren dat der fierderop wol wat te rêden wêze soe.

Doe’t wy goed en wol wer yn ‘e hûs wiene en de jassen op ‘e kapstôk hongen kamen der in stikmannich appkes efterinoar op ‘e iphone binnen. Hoe’t it lân der by ús hinne lei en oft alles ynoarder wie. Jawis, neat te rêden, mar hoesa, wat soe der wêze moatte… Nijsgjirrich wurden sette ik gau de laptop oan en doe die bliken dat der yn ‘e wyk Kanaleneiland even fierderop, himelsbreed noch gjin twa kilometer efter ús, yn ‘e tram, omraak sketten wie. In oanslach, terrorisme of ‘gewoan’ in trochdraaid nuver houtsje? Der wiene trije deaden fallen en in tal ferwûne slachtoffers wie al ôffierd nei it sikehûs. De helpferliening wie dus wol gau op gong kommen, mar de dieder wie noch net trappearre. Dy moast noch yn ‘e stêd wêze en ried, neffens de berjochten, mooglik om yn in reade Renault Clio. Dêrom ek it driuwende advys om, as it net perfoarst nedich wie om derút, gewoan yn ‘e hûs te bliuwen. Kantoaren, bedriuwen en winkels gongen op slot, skoallen soene yn it earstoan ek ticht bliuwe. Op ‘e dyk wie it no hiel stil wurden. In frjemde drukkende wale kaam oer de stêd te lizzen. Folslein yn tsjinspraak mei it moaie maitiidswaar.

It barren fûn nochal wat wjerslach yn it hiele lân, in frjemde gewaarwurding om soks sa mei te meitsjen en it nijs fia de media te fernimmen wylst it him yn werklikheid sa tichteby ôfspilet. Ek in nuver idee dat dy ûnberekkenbere dieder yn prinsipe hjir noch yn ‘e buert omride koe. Wy ha de telefyzje dy middeis net wer út hân en de hiele gong fan saken op ‘e foet folge. Der kaam trouwens wol in hiel protte ‘mear fan itselde’ foarby, mar ja, soks falt ek net te regissearjen fansels. De Omrop, dêr’t se der rook fan krigen hiene dat wy yn Utrecht te húswarjen wiene, belle op om even ‘live’ yn ‘e middeisútstjoering der wat oer te fertellen en ‘sfearyndrukken’ te jaan. Doe’t it ferbod om der út tsjin ‘e jûn wer opheft waard en wy wer op hûs oan gongen nei ús oppasdei, waard op ‘e autoradio bekend makke dat de mooglike dieder oppakt wie. Letter dy wyks soe er tajaan dat hy yndie sketten hie, it motyf wie doe noch net dúdlik. Mar it leed wie des te grutter op in dei dy’t sa moai begûn wie. Utrecht hat noch in skoft yn ‘e rou west en is dat faaks noch, want giet soks oer? Fan ‘e wike pas hat gemeentewurken de blommen, knuffels en kearskes fan it plein helle. Mar de tram rydt al lang wer gewoan deselde rûte.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op