Blog Lomme Schokker: Hofleveransier

logo.ensafh

Foar dizze iene kear set kening Kweaskeuk fan Kwierens tee foar de frou en de beide bern. Syn deistige teesetter, de jonge Rikyu Chikafuji fan Kyoto, hat in frije dei om mei ien fan de folle lytsfammen selfies te meitsjen yn de kleurige kontrijen fan de Keukenhof. Al om trije oere hinne hat Kening Kweaskeuk fan Kwierens in ferskuorrende toarst, mar op dat stuit is it sels foar in kening noch wat te betiid foar de Glenlivet. Unoandien jit er no ris sûnder seremoanje siedend wetter yn beppe har teepot oer in teepûdsje út it Pickwickdoaske en pas dan lêst er tusken de fingerseinen troch de ‘teatopicfraach’ fan de dei: ‘Wat soesto dwaan ast kening bist?’

Lês fierder by Lomme Schokker

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op