Teleks: Priisfraach foar it bêste duorsume reisferhaal

logo.ensafh

Utjouwerij HotSum skriuwt in priisfraach út foar it bêste, net earder publisearre, Frysktalige reisferhaal. Foar de winner leit in jildbedrach fan 1500,- euro klear. It winnende ferhaal wurdt mei oare ynstjoerde (selektearre) ferhalen begjin 2020 yn de bondel Under oaren publisearre.

De betingsten dêr’t in ynstjoerd ferhaal oan foldwaan moat om meitingje te kinnen nei priis en publikaasje, binne:
– ynstjoering as digitale tekst foar 1 novimber 2019, ynklusyf namme, adres en oare kontaktgegevens;
– maksimaal 3200 wurden;
– in foto nei eigen kar meistjoere dy’t rjuchtefrij te brûken is yn de bondel;
– it ferhaal mei net earder publisearre wêze;
– ferhalen dêr’t yn reizge wurdt mei in fleantúch wurde net yn behanneling nommen (duorsumens).

Let op: fansels komme ek imazjinêre reizen yn ’e beneaming. Handich foar wa’t net maklik fan hûs kin. Alle dielnimmers krije de bondel neitiid tastjoerd.

De ynstjoeringen wurde beoardiele troch de redaksjeleden fan útjouwerij HotSum, Jetske Bilker, Ytsje Hoekstra en Abe de Vries. It e-mailadres foar ynljochtingen en ynstjoeren is frieseliefde44@outlook.com.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Cornelis van der Wal Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Cornelis van der Wal
Gast
Cornelis van der Wal

In poerbêste aprilgrap. Bytsje let, dat wol.
Of… is it serieus en hat ek by jim de klimaatgekte
taslein? Yn dat gefal: betterskip…