Blog Cornelis van der Wal: Ernst Bruinsma as besprekker

logo.ensafh

Jim witte it faaks: Ernst Bruinsma hat in rubryk,  Op en út by Omrop Fryslân, dêr’t er boeken besprekt. Ik haw der sels noch nea nei harke, it is moarnsbetiid, wol’k leauwe.Foar de aardichheid haw ik ris oan it turven west, en de besprekken teld en oardere op Fryske útjouwerijen. De Hollânske haw ik net meirekkene. Lûk jo eigen konklúzjes!

Lês fierder by Cornelis van der Wal

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

3
Reageer op dit artikel

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
Klaas van der HoekAbe Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Abe
Gast

It leafst hienen je dan ek witte wollen hoe’t de ferhâldingen lizze wat it oantal boeken oanbelanget dat de ûnderskate útjouwers op ‘e merk bringe. Oars kinne je net witte of de besprekker syn eigen wurkjouwer mear yn ‘e sinne set as oare útjouwerijen. Opfallender, op it earste gesicht, binne fansels de dûbelfunksjes yn útjouwerij en besprekkerij en besjuerdery. Doe’t ik útjouwer waard fan de FPB, bin ik út Farsk stapt. As resinsint fan it FD besprek ik gjin boeken dy’t myn freondinne skriuwt of útjout. Der sil wolris wat misgean, mar ik besykje petten útinoar te hâlden troch de… Lees verder »

Klaas van der Hoek
Gast

Friduwih Riemersma bespruts yn Fers2 (nû. 19, novimber 2015) de bondel ‘Brek dyn klank’ fan Abe de Vries. Friduwih is de freondinne fan Abe en tegearre foarmje se de redaksje fan Fers2. Friduwih einige har besprek mei: ‘Brek dyn klank befettet beslist mylpealgedichten, binnen it oeuvre en yn de Fryske literatuer, lykas ‘Om fierdere fernieling oan it tsjerkhôf’ en ‘Dyn grouwélichste fjoerdraken’ dêr’t wy hjirboppe út sitearre hawwe. Dat is in hoopfol teken. Oan de oare kant kin it samar ien fan de alderlêste Fryske kwaliteitsbondels wêze. Want it hâldt in kear op fansels.’ Brûkt Friduwih hjir ‘wy’ as pluralis… Lees verder »

Abe
Gast

Ja, Klaas, want fan lju lykas dy hoege wy net folle te ferwachtsjen op it besprekkersflak. It falt my fan dy ôf datst oer oaren begjinst – en mei net in wurd yngiest op wat ik nei foarren bring. Of nee, eins falt it my net iens ôf. Lulle om ‘e nocht, dat is hjir wol fersoarge.