Lomme Schokker

De wurden net skriuwe

logo.ensafh

In flarde fan in ferhaal spûke my troch de holle. Ik koe der gjin wiis út wurde en woe grip ha op myn ûnmacht. Ik socht in skriuwer om yn eigen taal mei myn bylden om te gean, want sels koe ik de wurden net skriuwe. Yn it doarp wie nimmen mear fan de âlde skoalle. De earste fan ús mienskip, man fan gesach en ûnderfining, hy seach my kommen en stjoerde my fuort. Foar him wie ik inkeld ien mantsje út safolle. Hy wie my al fergetten doe’t ik my omdraaide.

Moatst yn it stedsje fierderop wêze, seine guon. Dêr sitte in tal wize mannen yn petear byinoar dy’t dy wol helpe sille. Sa kaam ik yn in stêd op in plein fol mannen yn it skaad fan ikebeammen. Se woene my wat graach wurden tahawwe om my macht te skinken, mar earst woene se jild sjen. – Hoe kinne wy gjin jild freegje, it libben is djoer en de takomst ûnwis. – Jild hie ik net, inkeld in flarde fan in ferhaal.

Moatst yn it kleaster wêze oare kant de feanen, sei in frou mei kastanjebrún hier en ljochtsjende eagen. – Dêr witte se wat se mei wurden oan moatte. – Sa kaam ik foar in gebou mei smelle tuorren by in petgat te swart om te bedjipjen. Grize mannen mei burden woene my wat graach foar altyd opnimme yn in stilte dy’t stikken smakte tsjin de muorren. Om te begjinnen fergen se my om mânske potleaden te puntsjeslipen. Ik teach fierder.

In pylger krom fan it gean sei dat ik yn de haadstêd wêze moast, by de ynstituten fan kwizekwânsje. Dêr soene minsken my helpe kinne, mannen mei ynfloed en kennis fan saken en genôch ambysje om yn ’e lijte fan machthawwers te krewearjen. En ja fansels, se woene my wat graach ynstitútsje, mar dan koe ik nea dejinge bliuwe dy’t ik wêze moast. Wer teach ik hinne, mei inkeld in flarde fan in ferhaal.

Net folle letter kaam ik oan de râne fan de see, tichtstby de bestimming dy’t ik net mear socht. Wurch en leech sette ik my del njonken de hichte fan in balstien. In jongkeardel kaam op my ta en parte mei my syn lêste stikje tsiis. – Wat seist dan? –, frege hy. Wat seist dan? Der spûke my gjin flarde fan in ferhaal mear troch de holle, want ik hie gjin taal mear om te tinken.

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
dalstar Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
dalstar
Gast
dalstar

geweldich moai skreauwn.