Edwin de Groot

Tekst by skilderij

logo.ensafh

© Mark Rothko

Alle kunst houdt zich bezig
met het wenken van de dood
Mark Rothko

i.

De klok ferkocht ús nacht, mar
in supermoanne wjerskynde de polder yn rust
en ferkoalle blau, we holden stil en it swijen waard goud
ûnder yn byld it wetter fan de boezem deakatoen en ierdeswart

soks haw ik foarige simmer as skilderij sjoen
sei ik ûnferhoeds, Rothko woe dêrmei de tiid stilsette
ik haw der sitten, besocht deryn te stappen; it is my net slagge

dêr, by it gemaal haw ik, ik wie in jonkje, in fisk fongen en deamakke
heakje ynslokt, hoelang´t ik dêr sitten haw, gjin idee
it stiet my net mear by, wol it mûsstil

ii.

Wy sieten beide sûnder roer as peilglêzen foar Rothko’s nû. 14
nei in skoftke frege ik are you OK, se eage as brutsen glês
ik wachtsje sei se, oant ik libben sjoch, foar eefkes
nei binnen mei en him sjen kin, de jongste

hy wie wat ûnbedreaun mei syn gelok, wit´ jo
der lei in ketting foar syn haven, thanks
en seach wer foar har út

yn de hal fan it museum
seach ik har wer, kalm gie se en
sa melodieus as it gycheltsje fan in wetterwylp

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op