Anne Feddema

It kollumkokentsje fan Feddema

logo.ensafh

Wat wol der Feddema? Wat fynt er leuk? Tja, no…LEUK is foar my in té hjoeddeistige-útkôge-kaugom-gebrûks-gearfetting. It libben fan no is ien oanhâldend audiofisueel bombardemint fan ’e meast útienrinnende saken. Meitsje dêr noch mar ris, as in gewoan, dimmen minske, in ferantwurde kar út. Wat kinne we dan wol sizze? Wat witte we oant no ta…Wát wit ík! Ik sil it jimme earlik fertelle: Ik bin gek op film…altyd al west. Eat dat my hieltyd wer yn it sin komt: Ik bin in jier as trije, fjouwer en ik gean my ús heit (pappe) nei de Ljouwerter bioskoop, op ’e drokke kant fan ’e Nijstêd. Der draait in film fan Laurel & Hardy, dat fynt er sels prachtich, dus dat moat ik ek mar ris ûnderfine. It idioate is, as ik dêr oer neitink, dat dy film, The Flying Deuces, yn Nederlân better bekend as: Laurel & Hardy in het Vreemdelingenlegioen…ja, ja…Frjemdlingelegioen…doe noch mar goed fiifentweintich jier âld wie. Films fan fjirtich jier âld – mei de eagen fan no besjoen… Alien bygelyks út 1979 – binne noch hieltyd aktueel en by de tiid. Mar in film, swartwyt, fan foar de oarloch, fan komiken dêr’t doe ék al it jongste fan ôf wie (ek al bliuwe de films altiten nij, sprankeljend en sa libben as in hart) komt dochs út in hiel oare wrâld. Hoe dan ek: dat seach ik doe net, ik wie mei heit yn ’e film, dát telde fansels. Ik wol it net oer…pake-fertel-nochris-fan-froeger-(filmfragmint)mominten hawwe. Nee, ik wol it hawwe oer de film: Bone Tomahawk (Bonke Bile haha) dy’t op it stuit noch te sjen is op Netflix en oars wol te pakken te krijen op in oare wize, liket my, myn kollumlêzers binne fansels, geastlik krekt wat mear ûntwikkele, dus dy fine wol in oplossing. Fansels: Bone Tomahawk is in film, bewegende bylden mei lûd en hiel modern, crossover-mjuks-horror western-suks-no sa-it is my wol goed. Mar dêr draait it net om. It is ferdomd goede keunst! Ik fyn it sels Keunst mei in hiel grutte K mei in útropteken der efter, nochris twa kear sa grut. Dat fyn ik om’t de film net is wat hy is, ik bedoel dêr mei te sizzen dat de film, of better sein keunstfoarm, want dêr’t ik op oan wol, jildt likegoed foar alle oare keunstfoarmen. Grutte keunst is in organysk gehiel, dat gewoan trochwaakst en libbet en altiten romte jout foar de meast ferskate en wikseljende ynterpretaasjes, dy’t dan oeral wei komme kinne. Ik sjoch dus nei de film Bone Tomahawk mar ik sjoch ek hiele oare saken foarbykommen, ja eins alles wat ik op dat stuit by my draach oan ûnderfining, opdien yn it hiele libben dat efter my leit. De keunstfoarm is dan dus werklik de spegel fan myn siel wurden. Dizze kollum is alsa in folsleine oanrikkemandaasje wurden foar it besjen fan dizze film. Ik kin fansels wol fertelle wa’t de regisseur is ensfh., mar dan wurdt it al wer gau in opsomming fan saken. Sjoch de film (of oars earst efkes de trailer op You Tube) freonen. Ja, sa no en dan tink ik noch dat ik op Facebook sit, mar ik wol stommegraach jimme freon wêze, hear. Mar besykje dy film te pakken te krijen en genietsje fan ’e rêst en romte en opbou fan it gehiel en de fisuele gongslaggen, dy’t je geastlik út it lead slaan sille, en as it allegearre net slagget, dan kinne jimme der altiten noch foar kieze om de Laurel & Hardy film te sjen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op