Lubbert Jan de Vries

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (1)

logo.ensafh

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (1)
(In libbensline mei faasje fan de man en syn burd; Whitman foar ‘dummies’)

(boarne: https://whitmanarchive.org (dêryn foaral: https://whitmanarchive.org/biography/walt_whitman/index.html (– Ed Folsom&Kenneth M. Price editors)
(noat: lês ek ‘Outlaw Poetry’ Ensafh tydskrift # 4/2017)

(Om’t it dizze moanne 200 jier lyn is dat Walt Whitman berne is publisearret Ensafh de kommende wiken yn 4 ôfleveringen dit artikel fan Lubbert Jan de Vries. Dit is ôflevering 1.)

‘I greet you at the beginning of a great career, which yet must have had a long foreground somewhere, for such a start. I rubbed my eyes a little, to see if this sunbeam were no illusion; but the solid sense of the book is a sober certainty. It has the best merits, namely, of fortifying and encouraging.’

‘Ik groetsje jo oan it begjin fan in grutte karriêre, dy’t lykwols earne al in lange oanrin hân hawwe moat, want wat in begjin. Ik moast myn eagen in bytsje útwriuwe, om te sjen oft dizze sinnestriel gjin yllúzje wie; mar it deugdlik gefoel oer it boek is in beskieden wissichheid. It hat de bêste wearden, it jout nammentlik krêft en moed.’

Ralph Waldo Emerson – july 1855 oan Walt Whitman fanwegen syn debútbondel ‘Leaves of Grass’.

1819 – 1833

Moandei 31 maaie 1819 is it begjin.
Wylst de earste noflike maitiidswyn fan de Atlantyske oseaan oer de súdkust fan it eilân rôlet wurdt Walt Whitman berne yn it stedsje West Hills oan de noardkant fan Long Island (New York Steat). De earste dei fan wat in grut libben op ’e foargrûn wurde sil.
It mantsje is de twadde soan fan ’e Whitman-húshâlding. Nei him krije heit Walter Sr. (1785) en mem Louisa (berne Van Velsor, 1795) noch twa famkes en fjouwer jonkjes. Heit Walter Sr. is timmerman, keuterboer, koart foar de kop en justjes in lytse sûplap. Tusken junior en syn heit hat sadwaande nea sprake west fan folle tagedienens. Mem Louisa is in njoggentjinde-iuwske húsfrou en mem op de eftergrûn. Troch har Quakerwoartels hâldt se de leie lykwols strak yn beide hannen. As lyts jonkje is Walt gek mei syn mem. Oant har dea yn 1873 ta sil dat sa bliuwe.

Knaapke Whitman is in beuker fan 4 as de Whitmans (op dat stuit mei trije bern) ferhûzje fan Long Island nei de grutte stêd Brooklyn (New York Steat). Yn Brooklyn giet er nei in gewoane stedsskoalle en groeit op as in wier stedsbern. De drokte, it ritme en de meldij fan de stêd krûpt fuortdalik yn syn lyts lichem. It ferskaat oan minsken en alles wat dy minsken dogge en litte yn sa’n grutte stêd wurdt in wichtich part fan hoe’t de jonge Walt opgroeit.
It stedslibben set him yn it jonge bloed, it sieltsje en it ûnskuldich ûnderbewustwêzen. It ynderlik en uterlik fan frou, man en bern; as in útdrûge spûns sûget er alles op wat er om him hinne heart en sjocht. Yn it oeuvre fan Whitman is de enerzjy en de dynamyk fan it urbane dan ek ien fan de grutte motiven.

Mannahatta

(fragmint)

Oerfloedich, rûnom ticht ynsluten troch sylskippen en stoomskippen, in
eilân sechstsjin myl lang, op stevige grûn,
Withoefolle drokke strjitten, izer waakst omheech, fyn, sterk,
licht, riist prachtich rjocht oerein nei heldere loften,
Tijen fluch en rom, ik bin der sljocht op, krekt foar sinne-ûndergong,
De floeiende seestreamingen, de lytse eilannen, gruttere oanbuorjende eilannen,
de hichten, de filla’s,
De ûntelbere mêsten, de wite kustfarders, de aken, de
fearboaten, de swarte, sierlike seestoomskippen,
De strjitten fan de binnenstêd, de sakepânen fan tuskenhannelers, de sakepânen
fan de skiphannelers en jildmakelers, de
rivierstrjitten,
Ymmigranten komme oan, fyftjin as tweintich tûzen yn in wike,
De weinen dy’t guod ferfiere, it manhaftige ras fan hynstemenners, de
seelju mei brune gesichten,
De simmerloft, de gliere sinneskyn, en de wolken sile
op de hichte ta,
De winter snie, de belsliden, it brutsen iis yn de rivier,
komt foarby de rivier op of de rivier del mei it opkommende tij as it ôfgeande tij
De masinebouwers fan de stêd, de masters, flink fan stal, moai
fan gesicht, sjogge dy rjocht yn ’e eagen,
De stoepen propstiif, reau, Broadway, de froulju, de winkels en shows,
In miljoen minsken – seden frij en prachtich – iepen stim –
gollens – de meast moedige en freonlike jongfeinten,
Stêd fan driuwend en sprankeljend wetter! Stêd fan toerspitsen en mêsten!
Stêd nestele yn baaien! Myn stêd!

In oar bot oanwêzich en manifest motyf is de natuer, benammen oseaan en see. Junior is in soad útfanhûs by famyle dy’t (noch) op Long Island wennet. De bining mei ‘syn’ Long Island is it fûnemint fan in soad fan syn ‘lieten’ oer de natuer en de transendintale relaasje fan de minske mei de ierde, oseaan en see en alles derboppe, derop en deryn (Long Island is yn de 19e iuw foar it grutste part ûnoantaast en agrarysk en wurdt troch Whitman ‘Paumanok’ neamd – de yndiaanske namme foar it ‘lân fan it earbetoan’).

Paumanok

Kreas yn ’e see! Grut en koesterjend!
Ien kant lâns dyn ynlân streamt de oseaan, rom, mei hannel yn oerfloed,
stoomboaten, seilen,
En ien kant streaket de wyn Atlantysk, wyld as tear – mânske
rompen tsjuster-glydzjend yn de fierte.
Eilân fan swiete streamkes drinkwetter – sûne loften en grûn!
Eilân fan de sâlte kust en rûzer en pikelsop.

Fan Punt Montauk ôf

Ik stean as op de snaffel fan in machtige earn,
Eastoan nim ik de see yn my op, eagje, (neat as see en loft,)
De wimeljende weagen oer, it skûm, de skippen yn de fierte,
De wylde ûnrêst, de snieïge, kroljende koppen – dat ynkommend driuwen
en driuwen fan weagen,
Foar ivich op ’e siik nei kusten.

Op syn alfde is it dien mei it nei skoalle gean. De snotbongel slút him oan by it arbeiderslaach. Ynearsten koart as kantoarhelpke by in abbekaat. Nei in jier wurdt er printersfeint yn in printerij. In beskiedend momint op de iere libbensline fan Walt Whitman. De Brooklyner hat de lêste pear jier op skoalle al de gewoante om yn musea en bibleteken om te strunen. Hy follet sa it libben fan de rûge strjitte oan mei de skientme fan keunst en boeken. De baas fan de printerij jout him in fêst abonnemint foar beide. No kin de teener yn en út rinne wannear’t er mar wol en omhingje oant men it ljocht út docht en de doarren slút. Syn genetyske honger nei keunst en boeken wurdt sa allinnich mar mear oanfjurre. Behalve dat Walt de frije tagong ta musea en bibleteken oan de baas fan de printerij te tankjen hat, is dy man ferantwurdlik foar noch in barren dat alles op dat stuit en foar de kommende sechstich jier op ’e harsens set: Walt mei syn earste eigen tekst printsje en publisearje yn de krante fan de printerij. De feint fan tolve sjocht wetter brânen! Syn eigen wurden op papier en foar elkenien te lêzen.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op