Kollum Aant Mulder: In sear lapke

logo.ensafh

Okkerdeis nei in petear oer sûnens betocht ik dat, as it oer dat soarte fan dingen giet, it Frysk gauris aardich ôfwykt fan it Hollânsk. Dat begjint al mei it beneamen fan lichemsdielen. Ik sis wolris dat as dúdlik is dat ik it oer mysels ha, dat ik dan gjin besitlike foarnamwurden brûk. Ik hoech net te sizzen dat lichemsdielen fan my, mines of minent binne as dat wol dúdlik is. Yn dy gefallen nimme we leaver persoanlike foarnamwurden en lidwurden. foar kar. In pear foarbylden. As in Hollanner seit: Mijn arm is gebroken, Mijn been doet pijn, Ik heb last van mijn hoofd, dan sizze wy: Ik ha de earm stikken, De foet docht my sear, ik ha lêst fan de holle. Dat jildt nammers net allinne foar lichemsdielen, mar ek foar guon oare dingen: Ik parkearje de auto, Wy krije de soan op besite. Dat lit ik lykwols fierder gewurde.

Lês fierder by It Nijs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op