Lomme Schokker

Op ’e tiid foar de Rely?

logo.ensafh

Komt it dy ek sa oer it mêd, broer? Hasto, lykas ik, in pear jier lyn ek sa ferskriklik de ôfslach mist? Ynienen hawwe se it oer in ‘dystopy’, as antonym foar in utopy. In dystopy soe in maatskippij wêze moatte mei inkeld horrorsituaasjes dêr’tst absolút net yn wenje wolst. Wisto dat de iene nei de oare auteur tsjintwurdich oer swartgallige mienskippen skriuwt? En dat dy auteurs der ek noch prizen mei winne? Hoe koene wy sa blyn en dôf wêze!

Koartlyn wie it wer safier. It boek fan de winner Libris Literatuer Priis 2019, De goede zoon fan in Rob van Essen, giet ek oer sa’n ferfrjemdzjende takomst dy’t, as ik it goed begrepen ha, der winliks al is. De bekendmakking wie oars op sa’n stuit dat ik al lang op bêd lei, út ’e liken fan it skriuwen en ferjittere fan it tinken. Sadwaande ha ik lang net alles meikrigen fan dizze happening op de telefyzje, dêr’t ik oars ek nea nei omsjoch want lykas alle oare minsken yn Fryslân skriuw ik de gânse dei troch oan wat úteinlik in smout ferhaal of in smeudich boek wêze moat. Hielendal ferkeard fansels, foar skriuwers mei ambysje – en dat binne wy beiden of net dan? – is dystopysk tinken it nije goud.

Yn it boek fan Van Essen giet it oer in mienskip dêr’t werklik wier alle minsken boeken skriuwe, wylst der amper lêzers binne, want it publyk wol gjin literatuer mar platte divedaasje. Ik tink dat wy hjir eefkes oer gearkomme moatte, do en ik. Wat is it meast dystopyske senario dat wy ús foarstelle kinne? Want dêr moatte wy dan fuortdaliks oer skriuwe, jonge, inkeld sa’n dystopy kin meikoarten genôch priisjild opsmite om de soarchfersekeringen foar it kommende healjier te beteljen. Hoefolle tiid hawwe wy noch foar de Rely dit jier?

Ik freegje dy, wat is noch dystopysker as it byld dat Van Essen beskriuwt? Dat alle minsken o, sa graach en inkeld literêre boeken lêze wolle dy’t godskes noch oan ta net skreaun wurde? En of dat no komt om’t de fingerseinen fan de skriuwers ôfsliten binne, of om’t der op literatuer in fikse finzenisstraf stiet of dat harren de kop ynslein wurde sil troch rabiaatbline Bouquetrigelêzers en omrinwinkeladepten, dat moatte wy dan noch eefkes betinke.

Kin it noch slimmer? Ja, alle minsken skriuwe en alle minsken lêze. Dat is pas in probleem. De tiid giet foarby, wurdt fêstlein en ferslynd en de skriuwers kinne it net bysloffe of is it ek noch sa. Se fersûpe yn it jild mar hawwe gjin tiid om te genietsjen, de útjouwers en de reachmasters woene juster it manuskript al yn ’e hannen ha. Der is mar ien oplossing en dat is om ús robotten oan it skriuwen te setten. Dy dogge it fansels stikken better as do en ik. Dat is pas dystopy.

Kin it noch slimmer? Ja, gjinien skriuwt en gjinien lêst. Der is gjin ferbylding mear, gjin keunst en gjin fernijing. De minsken komme der klear mei, mar ús sil it de nekke brekke. Dat is pas dystopy! As ik no de earste opset skriuw en it dy foar tolve oere ta mail, dan kinsto it fannacht mei dyn skerpe geast fierder útwurkje en binne wy faaks noch krekt op ’e tiid foar de Rely fan dit jier.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op