Teleks: Wedstriid foar koarte ferhalen yn Frysk of streektaal oer ‘sinnekear’

logo.ensafh

Der komt in Fryske koarteferhalewedstriid yn it ramt fan it BoekSimmerBoekfeest. It feest is op 21 juny yn Drachten en wurdt, lykas de wedstriid, organisearre troch de Stifting Boeken fan Fryslân.

De easken oan it ferhaal binne ienfâldich: it mei 500 oant 600 wurden lang wêze en moat yn it Frysk of ien fan de Fryske streektalen skreaun wurde. It tema foar it feest en dus ek it ferhaal is ‘Sinnekear’ (Zonnewende).

De winner wurdt earst op it feest sels bekend makke en hy/sy mei dan syn of har ferhaal foardrage foar it publyk. Dat betsjut dus fuort in live-optreden mei oare Fryske skriuwers dy’t dêr jûns al stean om in koart ferhaal hearre te litten. Dêrneist kriget de winner in boekepakket en wurdt it ferhaal publisearre.

Ynstjoeringen moatte op syn lêst freed 14 juny binnen wêze op it e-mailadres info@boekenfanfryslân.nl en foarsjoen wêze fan namme en kontaktgegevens.

Boarne: Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op