Lubbert Jan de Vries

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (2)

logo.ensafh

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (1)
(In libbensline mei faasje fan de man en syn burd; Whitman foar ‘dummies’)

(boarne: https://whitmanarchive.org (dêryn foaral: https://whitmanarchive.org/biography/walt_whitman/index.html (– Ed Folsom&Kenneth M. Price editors)
(noat: lês ek ‘Outlaw Poetry’ Ensafh tydskrift # 4/2017)

(Om’t it dizze moanne 200 jier lyn is dat Walt Whitman berne is publisearret Ensafh de kommende wiken yn 4 ôfleveringen dit artikel fan Lubbert Jan de Vries. Dit is ôflevering 2.)

(Sjoch ôflevering 1)

1833 – 1845

Op in stuit wolle heit en mem Whitman werom nei Long Island. Walt, dy’t dan 14 jier is, giet net mei. Hy bliuwt allinnich efter yn Brooklyn. Hy skriuwt no gauris lytse stikjes foar de krante oer it libben op de strjitten fan Brooklyn en oare lytse en grutte saken dy’t him dwaande hâlde. Bygelyks keunst, religy en polityk binne tankbere ûnderwerpen (Walt is demokraat mar stroffelet troch de politike arena. Wat polityk oangiet spilet er as sjoernalist/skriuwer/dichter nea in foarmjende rol, persoanlik hat er de grutste muoite mei saken as slavernij en de ekspânsje fan guon steaten nei it westen). By de krante weaget er him ek in bytsje oan de redaksje fan oare sjoernalisten. Op syn santjinde komt der yn 1836 in ein oan it wurkjen yn de printerij. Yn dat jier fernielt in grutte brân de folsleine wyk dêr’t Walt en de printerij húsmanje. Gjin wurk mear en gjin dak boppe de holle giet Whitman Jr. syn heit en mem efternei nei Long Island. Hy is dan hast achttjin.

Om’t er aardich belêzen is, skerpe harsens hat en tûk yn ’t libben stiet wurdt er ûnderwizer. Op Long Island stiet er in lytse fiif jier oan sa’n tsien skoallen. Hy begjint yn dy perioade ek in eigen krante; de ‘Long-Islander’. Binnen in jier leit dat inisjatyf lykwols al wer op it gat. Skytskoarjend skriuwt Walt dan ek syn earste gedichten. Klassyk en heechdravend fan tekst en styl, en meastentiids oer de natuer en de godlike minske.

Om syn 22e hinne komt der in ein oan it wurkpaad as ûnderwizer. Troch in skandaal. Rebûlje! In ynsidint dat wier oant hjoed-de-dei nea opheldere is; hy soe sodomy bedreaun ha mei in jonge út in hegere klasse fan de skoalle. Lykas it wiere aard fan Whitman nea folslein dúdlik wurden is, sa is dit ynsidint ek nea wier en folslein boppe tafel kaam. Hoe dan ek, Walt giet yn 1841 werom nei New York City. Hy leit him dêr wer ta op sjoernalistyk en it skriuwen fan stikjes fiksje foar in tal kranten en blêden sa as The Statesman en Sunday Times.

1845 – 1855

Yn 1845, hy is dan seisentweintich, ferhûzet Whitman fan NYC nei Brooklyn. Hy giet troch mei te wurkjen foar kranten en blêden. Neist it fan en ta skriuwen fan gedichten waakst der in nije leafde yn Walt: de opera. Ynearsten skriuwt er oer opera dat it dekadinte en elitêre keunst is. Mar nei in pear útfieringen, dy’t er tegearre mei syn broer Jeff besiket, is er om, ‘…as hat it my lykas de leafde yn ’e macht…’. Typysk Whitman dat it waar folslein omslacht. Sels sa bot dat troch hiel syn wurk hinne fan de earste ‘Leaves of Grass’(1855) ôf dizze passy merkber is. Yn mear as ien fers skriuwt er oer de opera en de artysten. Mar net allinnich dat. De dynamyk tusken it lichem, de stim en it wurd komt letter wer en wer dúdlik nei foaren as fûnemint fan syn eigen ekspresje yn de gedichten.

Proastige muzyk fan de Stoarm

(fragmint)

Doe waard ik sêft wekker,
En wifele, in skoft ferwûndere oer de muzyk fan myn dream,
En ferwûndere oer al dy oantinkens, de stoarm yn syn mâlens,
En alle lieten fan sopranen en tenoaren,
En dy út ’e skroeven oriïntaalske dûnsen fol religieus fjoer,
En de ferskillende leaflike ynstruminten, en de toanomfang fan oargels,
En alle ienfâldige kleisangen oer leafde en fertriet en dea,
Sei ik tsjin myn swijende nijsgjirrige siele út it bêd yn de sliepkeamer wei,
Kom, want ik ha de oanwizing fûn dy’t ik sa lang socht,
Lit ús ferkwikt op it midden fan de dei fierder gean,
Fleurich lykop mei it libben, kuierje oer de wrâld, de wiere
Fan no ôf fuorre troch ús himelske dream.

Nei in pear flinke mieningsferskillen oer syn sjoernalistyk wurk (benammen oer de polityk op it mêd fan de slavernij en de ekspânsje nei it westen) kriget Whitman letterlik en figuerlik hieltyd minder romte yn kranten en blêden. Dan wurdt him (hast tritich) de mooglikheid bean om Brooklyn te ferruiljen foar in oare grutte stêd: New Orleans. In kunde binnen de kliber kontakten yn it NYC krante-netwurk freget him om foar de redaksje fan de New Orleans Crescent te wurkjen. Walt nimt de ûtnûging oan en stoart him yn it aventoer yn ’t suden. Dat duorret net lang. Hoewol’t er yn it brodske New Orleans in libbensstyl ûndergiet dy’t foar altyd ûnder syn hûd krûpt, is it aventoer by einbeslút dochs te wyld. Hy ferlit de stêd begjin simmer 1848 en giet werom nei Brooklyn (letter sil it geroft gean dat Whitman yn New Orleans in jongfrommes mei in bern sitte litten hat). Diskear hat de jongfolwoekense yn Brooklyn fan alles by de ein; sjoernalistyk (foar de Brooklyn Times en Daily Times), boekhannel, printsje, frenology. Neam mar op! En hy begjint mei it skriuwen fan de earste fersen fan wat letter syn debút ‘Leaves of Grass’ wurde sil.

1855 – 1861

Whitman publisearret yn 1855 (anonym) de earste edysje fan ‘Leaves of Grass’. Hy lit sa’n 800 eksimplaren printsje en skriuwt dêrnei sels trije resinsjes. De ferkeap rint min, de bondel is in lytse flop. Lykwols strielt der ien strieltsje hillich ljocht op de man en syn debútbondel: de grutte Ralph Waldo Emerson stjoert Walt in (histoaryske) brief as reaksje op it lêzen fan ‘Leaves’: ‘Ik groetsje jo oan it begjin fan in grutte karriêre, dy’t lykwols earne al in lange oanrin hân hawwe moat, want wat in begjin. Ik moast myn eagen in bytsje útwriuwe, om te sjen oft dizze sinnestriel gjin yllúzje wie; mar it deugdlik gefoel oer it boek is in beskieden wissichheid. It hat de bêste wearden, it jout nammentlik krêft en moed.’

Whitman is út de skroeven. Rint moannen om mei de brief yn ’e bûse en publisearret it epistel yn artikels dy’t er skriuwt foar ferskillende kranten en blêden. Sûnder Emerson te freegjen en sadwaande net tûk.
Nei de earste folgje der gau trije nije edysjes fan ‘Leaves of Grass’. Whitman is in fanatyk revisor. Wer en wer wurde hiele stikken fan fersen op ’e nij skreaun en ferbettere. Mei as gefolch dat it magnum opus ‘Song of Myself’ bygelyks hieltyd ymposanter wurdt. (yn de earste edysjes is it fers noch sûnder titel, letter is it ‘Poem of Walt Whitman, an american’ en wer letter ‘Song of Myself’). Ek wurde folslein nije fersen taheakke.

Yn deselde snuorje smyt Walt him yn it bohemien libben fan Brooklyn. Tusken keunstners en froulju lit er himsels yn de kroegen hielendal gean. Hy begjint ek mei it ferkennen fan de – yn dy tiid – obskuere kant fan syn seksuele gefoelens: de man-ta-man freonskip (male-to-male friendship). Sa as al opmurken is oant hjoed-de-dei ta noch altyd net boppe wetter (en ek net op te meitsjen út guon fersen) oft Whitman in praktisearjend homoseksueel wie of de ‘male-to-male friendship (& adhesiveness)’ suver platoanysk belibbe.

Ik sjong oer it lichem opwinend

(fragmint)

En as it lichem net allikefolle is as de Siele?
En as it lichem net de Siele is, wat is de Siele?

De leafde foar it Lichem fan man as frou wegeret om rekkenskip te jaan –
it lichem sels wegeret om rekkenskip te jaan;
Dat fan de man is perfekt, en dat fan de frou is perfekt.

De útdrukking fan it gesicht wegeret om rekkenskip te jaan;
Mar de útdrukking fan in kreaze man komt net
allinnich foar ’t ljocht yn syn gesicht;
It is ek yn syn lidden en knieren, it is nuver genôch yn de
knieren fan syn heupen en polzen;
It is yn syn loopke, de hâlding fan syn nekke, de kromming fan
syn mul en knibbels – klaaiïng ferberget him net;
De sterke, leaflike, linige eigenskip dy’t er hat, slacht ta
troch it katoen en flanel hinne;
Him foarbykommen sjen bringt likefolle oer as it bêste gedicht,
faaks mear;
Men talmet om syn rêch te sjen, en de efterkant fan syn nekke
en de sydkant fan syn skouders.

(wurdt fuorset)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op