Greet Andringa

De dûker

logo.ensafh

It is alwer trije fearnsjier lyn dat de reuzen yn Ljouwert wiene. It is foaral de dûker dy’t my bybleaun is. Net it famke, net de hûn. Ja, dy wiene fansels ek moai makke en ek by harren wie it in hiel keunstich gepiel om se yn beweging te krijen, knap al dy technyk en al dy minsken, mar dochs binne se foar my oars as de dûker.

Syn lingte is it net. Ik bin der fan oertsjûge dat as er in meter langer as koarter west hie of sels mar it formaat fan in gewoan minske hân hie, ik my krekt sa field hie tsjinoer him as no. Wie it it ferhaal dan? Ha ik net bot folge. Ik ha ek mar in ferhipt lyts stikje fan syn tocht sjoen. Eins allinnich mar it oereinkommen en it fuortrinnen fan it plein foar it Frysk Museum. Mear net. Dat dat sil it ek net wêze. Mar wat is der dan wol mei dy ferhipte dûker dat er no noch sa yn my omspûket?

Myn tinkholle komt der dalik fan yn opstân, mar de earste wurden dy’t by my opkomme binne ‘waarm, libjend’ en ‘sêftmoedich’. Falt net ta mei metaal, keunststof, tekstyl en hjir en dêr miskien wat hout as foarnaamste boustiennen. No ja, dat lêste hat yn alle gefallen ea noch libjend west, tink ik dan synysk delsjend op mysels.

Myn kop helpt my net fierder. Dan de lea mar folgje. It hert. Of eins de búk. Want dêr bart fan alles by it sjen fan de reus syn griis hier dat wappert yn de wyn en de stadige eachopslach. Eagen dy’t fol betrouwen in nije wrâld gewaarwurde. Iepen en kwetsber. It fielt tagelyk drok en hol yn myn búk en dat strielt knipend út nei myn kiel. Eins moat ik der fan gûle. En dan wol myn ferhipte kop fansels wer witte wêr’t dat no wer op slacht en kom ik wer nergens.

Werom nei myn hert, myn búk. Sear by it sjen fan dy leave reus. En dêr omhinne it fierste fûle lawaai, de stienhurde muzyk, it razen fan dy Frânsman. Al dy bliiddwaande minsken om my hinne, om him hinne, dy’t mar loere, harren fernuverje, sûnder te sjen dat er libbet, dat er in wêzen is fol leafde, fol gefoel! Der ballet wat gear yn myn mage. Lulkens! Lit him mei rêst, wol ik op myn alderfûlst raze! Set gjin helm op, slút him net op yn syn pak! Bliuw ôf fan dy toutsjes en lit him syn eigen paad rinne!

Troch myn kop tûmelje no oare dûkers: Kaptein Nemo, Neil Armstrong, Major Tom, … lytse jonkjes ferlern yn de romte, wyls op black star ierde in see fan taskôgjende sjips itende en kommentaar jaande minsken sûnder hert neat docht.

Foar de dûker is der fansels gjin libben sûnder mantsjes en wyfkes üt Lilliput dy’t oan de toutsjes lûke. Is der gjin ûnskuldige benijdens út himsels. Mar foar ús it krekt oarsom. Wy wurde deade marjonetten as wy de toutsjes út hannen jouwe, as wy ús rjochtsje nei alles wat oan ús lûkt, om ús hinne stiet te razen. Dan ferwdwynt de leave reus út ús. En ek it lytse famke en de boartlike hûn. Gjin lyntsjes mear mooglik fan hert ta hert. Wêr’t ik om gûle moast is de black star yn ús sels dy’t der dan oerbliuwt.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op