Rein de Lange

Soms

logo.ensafh

soms

soms lústerje ik út myn drokke libben
nei bekende fuotstappen op it hiem
ús heit komt wer de keamer yn
wy fûstkje sa as we altyd dienen

‘hoe giet it mei de bern,’ freget er
en ik sis: ‘goed, se wurde al grut’
hy knikt mei swijende blik
syn eagen stoarje nei in leechte

inkele minuten sitte we stil
neist elkoar, krekt as doe
wy ha gjin wurden nedich

‘ik moat wer fuort soan.’ en ik
begryp syn driuwfear, de dea
kin gjin momint mear sûnder him