Jelma Knol

Berber van der Geest (berne 19-2-1938, ferstoarn 28-5-2019)

logo.ensafh

Berber van der Geest hâlde fan moaie dingen. De lêste jierren seach ik har geregeldwei by de konserten yn de Waalske Tsjerke, dêr’t wy nei sjongers as Henk Neven en Johannette Zomer harken. En dan makken wy in praatsje en seine wy tsjininoar hoe geweldich wy genoaten en hoe moai it wol net wie dat sjongers fan dit nivo yn Ljouwert kamen, om te sjongen foar in publyk fan heechút 90 minsken.

Dy moaie dingen, de skjintme fan soms hiele deistige saken, koestere se ek yn har wurk as beukerliedster. Se liet my by har thús oan de Pieter Langendijkstrjitte yn Ljouwert ris in doaze sjen mei fynsten dy’t se yn it beukerûnderwiis brûkte. In swart-grize, ferfrommele hurde prop, dy’t suver wat stienachtichs hie treau se my yn de hannen. ‘Witst wat dit is?’ frege se. Ik hie gjin idee, sy ek net. It wie in fynst dy’t se bûtendoar dien hie by it kanaal, flakby it stoart. ‘Soms haw ik bern yn de klasse dy’t sa fêstsitte, sa yn harsels opsletten binne, dat ik hast net mear wit wat ik se oanrikke moat. Dan krij ik dizze doaze derby en jou se der wat út en meie se riede wat it wêze soe. Dan komt der altyd wol in reaksje.’

Dat wie typysk Berber van der Geest: se wie der op út om de kreativiteit yn bern oan te boarjen. As se al net ynspirearre waard troch de fantasy dy’t eigen is oan beukers. Fantasy, ek yn har berneboeken wie foar har gjin eskapisme út de besteande wrâld, lykas guon marxistysk ynspirearre dosinten yn de tiid dat sy foar de klasse stie, wol mienden. Troch dyn fantasy en kreativiteit te brûken koest no krekt kânsen fine om dy better te rêden yn allerhanne sitewaasjes. Ien fan har bekendste berneboeken, Bartele bûse, is dêr in prachtich foarbyld fan. En jo moasten bern ek net ûnderskatte en op de knibbels sitten gean, ast in ferhaal ferteldest. Berber van de Geest brûkte yn har berneboeken no krekt aparte wurden om de geast en de taal fan har jonge lêzers te ferrykjen.

Yn 1975 debutearre se mei har dichtbondel Der binne fan dy dingen. Har moderne, sobere en frije poëzy waard goed ûntfongen, net allinne troch it Fryske lêzerspublyk, mar ynspirearre ek in soad komponisten en oare muzykmakkers fan Johan J. de With, Jelle Hogenhuis, Roel Slofstra oant en mei Irolt en Jarje. Der soene maklik in pear cd’s te foljen wêze mei muzyk op teksten fan Berber. Har dichtwurk hat in mankelike, wat filosofyske sfear. De fergonklikheid, it foarbygean fan de tiid en de teloarstellingen fan de leafde, de ôfkear fan grutte wurden, de leechte fan it drokke libben yn de stêd, de freugde fan in bernetiid op in echt Frysk doarp, dat binne sa likernôch de ûnderwerpen. De gedichten binne skreaun yn in styl dy’t op it earste gesicht sa gewoan en modern liket. Dat hie Berber van der Geest mienskiplik mei Nederlânske generaasjegenoaten lykas Ellen Warmond en Hanny Michaëlis mei wa’t se miskien ek wol in bepaald libbensgefoel dielde.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

3
Reageer op dit artikel

avatar
3 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
2 Comment authors
jelmajosse de haan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
josse de haan
Gast
josse de haan

Goeie Jelma, hast Berber tekene sa’t se wie – subtyl en fantasyryk. Ek ik tink dat se wat hie fan Hanny Michaelis, it dreamerige. Ellen Warmond wie neffens my te eksperiminteel, dat hie Berber minder. Oer ien frase haw ik my lykwols fernuvere: ‘Fantasy – gjin eskapisme ut de besteande wrâld, lykas guon Marxistysk ynspirearre dosinten de tiid dat sij foar de klasse stie, wol mienden.’ Yn it beukerûnderwiis? Ik haw jierren les jûn yn it iepenbier leger en fuortset ûnderwiis, yn Fryslân en dêrbûten, en ik moat sizze, dat ik selden sokke figueren meimakke haw. Sa’n stelling is my… Lees verder »

jelma
Gast

Jawis, Josse, op guon Pabo’s en Sosjale Akademy’s waarden troch bepaalde literatuerdosinten sokke mieningen ferkundige. Sa’n skerpe stelling is ek wol nijsgjirrich omdat it dy oan it tinken set.

josse de haan
Gast
josse de haan

Literatuerdosinten op Pabo’s en Sosjale Akademys dy’t fantasy ‘eskapisme’ neamden – ik hear dit no foar it earst. Ik ken dy opliedings net. Do seist yn wêzen dat dy lju fûnen dat de literatuer yn tsjinst stean moatte soe fan de maatskippij. Literatuer moast net stoke mar stypje. Ja, dy lûden haw ik ea wol heard. Mar dan wurdt literatuer de poaier fan in politike beweging, en is by definysje gjin literatuer mear. Tank foar dyn opmerking.