Lubbert Jan de Vries

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (3)

logo.ensafh

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (3)
(In libbensline mei faasje fan de man en syn burd; Whitman foar ‘dummies’)

(boarne: https://whitmanarchive.org (dêryn foaral: https://whitmanarchive.org/biography/walt_whitman/index.html (– Ed Folsom&Kenneth M. Price editors)
(noat: lês ek ‘Outlaw Poetry’ Ensafh tydskrift # 4/2017)

(Om’t it dizze moanne 200 jier lyn is dat Walt Whitman berne is publisearret Ensafh de kommende wiken yn 4 ôfleveringen dit artikel fan Lubbert Jan de Vries. Dit is ôflevering 3)

(Sjoch ôflevering 1, 2)

1860/61 – 1870

Twa foarfallen.
Ien: omheech.
Twa: ferwoastigjend – de Hel.

IEN
De Brooklynske útjouwer fan ‘Leaves’ lit it sitte. In Bostonske útjouwer fynt ‘Leaves’ lykwols sa bysûnder dat er Walt in kontrakt jout foar wer in nije edysje fan de bondel. In barren ‘on the up’ – omheech. Oant de Bostonske útjouwer binnen it jier fallyt giet. Whitman en syn bondel ha sadwaande wer de gong nei ûnderen.

TWA
April 1861. It begjin fan de Amerikaanske boargeroarloch (1861-65). De kommende fjouwer jier sil de meast foarmjende perioade yn Walt Whitman syn libben wêze. As minske en as dichter. Ynearsten bliuwt er yn Brooklyn wenjen en skriuwt er as sjoernalist yn kranten en blêden oer de oarloch. Op persoanlik flak komt de oarloch ynienen wol hiel tichteby; broer George wurdt oproppen en moat (de hiele oarloch) tsjinje. Boppedat en alhiel neffens syn aard as skriuwer/dichter en foar de gewoane man en arbeider oer siket Walt yn it Broadway Hospital (NYC) geregeldwei ferwûne soldaten op.
Dochs reizget Whitman ôf nei it front. Hy en de famylje komme der troch in list yn in pleatslike krante efter dat broer George ferwûne is (der wurde elke dei lange listen mei nammen fan deade en ferwûne soldaten publisearre). Walt set fuortdaliks ôf nei it suden. Yn 1862 ferlit er Brooklyn foar Washington D.C. Hy fynt syn broer en sjocht dat it tafalt. Mar hy fynt ek wat oars; ellinde, dea & ferdjer. En beslút te bliuwen. Walt Whitman wurdt ferpleger – ’wounddresser’ yn hospitalen yn en om Washington hinne.

 

It is 1863 en folslein oarloch. Walt komt sûnder jild te sitten en moat op ’e siik nei wurk. Om himsels te bedrippen giet er neist it geregelde (net betelle) wurk yn de hospitalen yn ferskillende funksjes oan ’e slach as oerheidsklerk. Whitman is lykwols net fan stiel en ek mar in minske fan fleis en bloed. Yn de perioade 1864/65 rekket de man stadich skjin oan ’e ein. Hy is mentaal en fysyk wurch, swak en gammelich. Sadwaande is er geregeldwei siik. Ein 1864 giet er dêrom om oan te sterkjen foar in koart skoft werom nei Brooklyn. Hy knapt dêr op en docht sels wat krantewurk foar de New York Times. Mar it front winkt. In dy twa-trije jier (63-65) giet er in pear kear op en del tusken Brooklyn en D.C. Oant april 1865. As er mei ferlof is yn Brooklyn komt op 9 april in ein oan de oarloch. Seis dagen letter wurdt President Lincoln delsketten yn it Ford’s Theatre yn Washington en stjert.

De dichter reizget nei de moard op Lincoln werom nei Washington. Yn de jierren tusken 1865 en 1873 hat er dêr in ridlik stabyl libben en wurket er as kantoarklerk by de oerheid. Hy skriuwt ek nije fersen foar wer in edysje fan ‘Leaves of Grass’ en wurket noch hieltyd fanatyk oan de refyzje fan eardere fersen. Yn D.C. slacht de ‘man-ta-man freonskip’ syn neilen no djipper yn it fleis fan Whitman. By in rit yn in ‘streetcar’ moetet er Peter Doyle. Doyle is de kondukteur fan de tram. Oant syn dea bliuwt Doyle foar Walt de ferpersoanliking fan man-ta-man freonskip & ‘hechtsjen oan’ en de meast romantyske relaasje dy’t er ea hân hat mei immen fan itselde slachte (wie it diskear wiere leafde? wy sille it, bin ik bang, nea witte).

Healwei it desennium 1860-1870 wurdt de namme ‘The Good Grey Poet’ berne. In literêre freon fan de dichter skriuwt foar de breanedige PR in pamflet mei de titel ‘The Good Grey Poet’ (fanwegen de minne ferkeap en te min omtinken foar ‘Leaves of Grass’ en it earste sedeynsidint op it wurk, neamd yn ôflevering 2). Op foto’s út dy tiid wurdt de titel dúdlik stal jûn; de man en syn burd steane fan dan ôf by de hiele naasje op it netflues ynskrast.

(wurdt fuortset)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op