Teleks: Koen Zondag publisearret oersjoch fan de staveringsskiednis 1945-1976

logo.ensafh

Koen Zondag (1938), âld-ûnderwizer en -ûnderwiisbegelieder, ynventarisearre foar Tresoar de argivalia oangeande de stavering fan it Frysk út it tiidrek 1945-1976. It wie nei de Twadde Wrâldoarloch wol dúdlik dat de stavering fan it Frysk oan fernijing ta wie. Op útstel fan in staveringskommisje fan de Fryske Akademy waard de âlde, út 1879 datearjende, Selskipsstavering op in tal lytse punten oanpast. Lykwols wie der benammen yn de ûnderwiiswrâld in soad ûnfrede oer dy stavering. Lykas hast altyd mei stavering wiene de lju dy’t fiergeande feroarings trochfiere woene en oaren dy’t safolle mooglik oansluting sochten by it âlde wurdbyld. Gâns skoallen yn Fryslân krigen de gelegenheid om de saneamde proefstavering út te probearjen. Uteinliken waard, mei nei oanlieding fan protesten út de útjouwerswrâld, yn 1980 in staveringsferoaring ynfierd dy’t lang sa fier net gie as benammen ûnderwiislju ynearsten bepleite hiene. Dy nijsgjirrige tiid wat de Fryske stavering oanbelanget is troch Koen Zondag dúdlik yn kaart brocht yn syn nije publikaasje ‘De staveringskwestje soarret noch’. De titel is ûntliend oan in útspraak fan de bekende Fryske ûnderwiisynspekteur Krine Boelens. Boppedat hat Zondag hânsume beskriuwings makke fan it materiaal oangeande de staveringsstriid út it tredde fearn fan de tweintichste iuw dat by Tresoar berêst.

Koen Zondag, ‘De staveringskwestje soarret noch’: in analyze fan materiaal berêstend by Tresoar oangeande it feroarjen fan de Fryske stavering, likernôch fan 1945 – 1976. Ljouwert: Tresoar, 2019, 48 siden, ISBN978-90-830012-2-7. Priis € 5,-.

(Parseberjocht Tresoar)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op