Aginda 30-06-19: Dûbelpresintaasje dichtbondels Gerrit de Vries en Syds Wiersma

logo.ensafh

Sneintemiddei 30 juny presintearje wy – Gerrit de Vries en Syds Wiersma – ús nije dichtbondels. Dat fynt plak yn ytkafee De Basuin, Nije Hollannerdyk 1, Ljouwert. Jim binne fan herte wolkom!

It is in dûbelpresintaasje en dy is ekstra bysûnder omdat it Gerrit syn debútbondel is. De beide bondels wurde útjûn troch útjouwerij Hispel. Bygeand de oankundiging.

Wy hawwe in pear dichters fan tefoaren frege om koart op te treden: Yva Hokwerda (RIXT-dichter fan de moanne juny), Elmar Kuiper, Piter Boersma, Conny Veenings en Cornelis van der Wal.

Omdat wy der in poëzy feestje fan meitsje wolle, dogge wy ek in Iepen Poadium. Elk dy’t wat dwaan wol, krijt de flier foar ien of twa gedichten/foardrachten.

De presintaasje fan de middei is yn hannen fan útjouwer Piter Boersma.
De middei duorret fan 15:00 oant ca. 17:30.
Tagong is fergees.

De Basuin leit krekt achter it stasjon yn Ljouwert.
Parkeargelegenheid is der by ‘t soad yn ‘e buert.

Sjoch foar mear ynformaasje oer de twa dichters by RIXT:

https://rixt.frl/dielnimmende-dichters/syds-wiersma/
https://rixt.frl/dielnimmende-dichters/gerrit-de-vries/

 

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op