Anne Feddema

Opake

logo.ensafh

Sân maaie 2019, in bysûnder skiere dei en fierstente kâld foar de tiid fan it jier, middeis. Wis noch gjin maitiid om efkes lekker yn ’e tún te sitten. Moarns haw ik noch op paad west, in serendipiteitskuierke út gewoante. Ik rin dan nei de Omrin-twaddehâns-negoasjewinkel, yn ’e Voltastrjitte op it yndustryterrein West yn Ljouwert (witte jimme dát ek wer en kinne jimme sels oan serendipiteitskuierkes begjinne) om dus neat spesjaals te sykjen en altiten eat te finen. Ik sjoch dan altyd by de keunstboeken, by de oare boeken mei ik fan mysels al in hiel skoft net mear sjen, want eins, de minsken dy’t by my west hawwe witte wêr’t ik it oer haw, soe der gjin boek, ek gjin keunstboek, by yn moatte, ik soe se sels ferkeapje moatte, mar sels mei in revolver op ’e holle, soe ik dat noch net kinne. Hawar, ik woe it net oer boeken hawwe. De frou en ik sitte yn ’e keamer oan ’e grutte tafel en it liket wol oft wy yn in teaterstik fan Samuel Beckett bedarre binne. Wat dogge we hjirre? Wa bin ik? Wa bin jo? Én…wêrom? We swije en sitte. Ald boer en syn wiif. Us jongste dochter is dy moarns nei it sikehûs gongen om in popke te krijen, dat soe earst thús mar se woe derby yn bad sitte en de nije heity en memke, tochten dat dat wolris te swier foar de flier thús wêze koe en befalle ûnder je eigen wente, tusken de rûch houten beamstamkes, it is in âld hûs, is no net in dreamstart foar in poppe en in jonge mem en heit. Foar myn ferhaaltsje hie it lykwols wol aardich west, dus helje ik it op dizze wize noch mar efkes binnen. Literêr byldzjend bûgjen of soks. Sa gean der alsa oeren foarby en wy hearre neat en wy witte neat. Myn frou hâldt it net mear út en wol der efkes út, nei de tún, de holle leech meitsje en wat smoargens tusken de stiennen weihelje of iere snijbyt bytsje.
As se mar wat oars te dwaan hat as wachtje op Popkot. Se lit my efter en ik stoareagje mar sa’n bytsje yn myn serendipiteitsfynst fan ’e Estafette, sa hjit de Omrinsaak nammers, it is in, hoe neame je soks, in sammelbân losse boekjes, fan in goede tweintich jier lyn. Nûmers fan it, noch hieltyd besteande, súksesfolle, tv-programma: Tussen Kunst en Kitsch. It is in oanfolling op ûnderwerpen en fynsten dy’t yn it programma foarbykomme. Bygelyks oer Ikoanen, yn it blêd, dêr’t myn each hingjen bliuwt. Ik sjoch it ynterieur fan ’e Annunsjaasje Katedraal yn Moskou, mei syn ikonostaze út 1489 en hilligen mei harren fergeastlike nei binnen kearde eachopslach. It is bûten noch hieltyd skier waar mar op it stuit as ik in ikoan sjoch dy’t de fjurrige himelfeart fan Elia as ûnderwerp hat, brekt de loft en begjint de sinne te skinen. Wis wier. It is fiif oere en ús leave bernsberntsje Rixt, al in skoftke annunsearre  is op dizze wrâld kaam. Sá wolkom popke. It sil trijetalich wurde, sil oppas Opake foar soargje.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op