Lubbert Jan de Vries

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (4)

logo.ensafh

Walt Whitman (1819-1892): The Good Grey Poet – De Goede Grize Dichter (4)
(In libbensline mei faasje fan de man en syn burd; Whitman foar ‘dummies’)

(boarne: https://whitmanarchive.org (dêryn foaral: https://whitmanarchive.org/biography/walt_whitman/index.html (– Ed Folsom&Kenneth M. Price editors)
(noat: lês ek ‘Outlaw Poetry’ Ensafh tydskrift # 4/2017)

(Om’t it dizze moanne 200 jier lyn is dat Walt Whitman berne is publisearret Ensafh de kommende wiken yn 4 ôfleveringen dit artikel fan Lubbert Jan de Vries. Dit is ôflevering 3)

(Sjoch ôflevering 1, 2, 3)

1870 – 1884

It giet minder en minder mei de sûnens. Op it wurk giet it ek minder linich; nei it earste folgje noch in keppel ‘moraal’-ynsidinten. Guon fan de oerheidsbazen ha hieltyd mear muoite mei fersen yn ‘Leaves of Grass’. It is net it romantysk klassike wurk dat men wend is yn dy dagen. Whitman skriuwt frij en iepen oer seksualiteit, de mindere kant fan it bestean, de oerkrêft fan de natuer, it (neakene) lichem en de korrupsje fan de polityk en it ‘systeem’.

Yn 1873, hy is dan 54, wurdt de ‘poet’ foar it earst rekke troch in beroerte. En syn mem stjert.
Foar in part (licht) ferlamme beslút er dat it klear en dien is yn Washington. Hy ferhuzet foargoed werom nei it noarden; Camden-New Jersey. Dêr wennet er yn by de húshâlding fan syn broer.

Bedoeld foar publikaasje yn jubeljier 1876 – de USA 100 jier – begjint Whitman te wurkjen oan de ‘Centennial’ edysje fan ‘Leaves of Grass’. Yn deselde perioade sjocht Walt ek dat der út Europa wei wat op gong komt. Benammen troch it PR-wurk fan in tal Ingelske fans komt syn bondel ek oan de oare kant fan de oseaan op de lêstafel telâne. Sadwaande rekket er, stjerrende wier, hast ‘oan de frou’. De Britske Anne Gilchrist, mem en widdo, wurdt op ôfstân nei it lêzen fan ‘Leaves’ folslein fereale op de dichter. Hinne en wer wurde brieven skreaun. Respektfol troch Whitman mar mei in ferhege hertslach troch Anne. Walt besiket Anne op in distânsje te hâlden mar dat slagget him net. Yn 1876 reizget Gilchrist mei trije bêrn nei Amearika. Sy wol ticht by de dichter wêze. Dy lit syn grutte hert sprekke en lit har ta yn syn libben. Mar it sil nea mear wurde as in djipgeande freonskip. In romantyske man-frou relaasje wurdt it net. Yn 1879 giet Anne teloarsteld werom nei Ingelân.

Yn 1876 moetet er ek Harry Stafford, in klerk yn it kantoar fan in krante dêr’t Whitman foar skriuwt. Underwylst is de ‘man-ta-man/male-to-male-friendship(&adhesiveness)’ faaks wichtiger foar Walt as de platoanyske relaasje mei Gilchrist. Mei Stafford hat er, oant dy yn 1884 trout, inselde man-ta-man freonskip lykas mei Peter Doyle yn Washington.

Whitman publisearret yn 1881 de sande (!) edysje fan ‘Leaves of Grass’. Dizze edysje is in kearpunt. De dichter hat in better kontrakt mei in grutte(re) útjouwer. Einliks komme der genôch royalties binnen as fatsoenlik basisynkommen. Nei 25 jier ‘Leaves of Grass’ kin er aardich rûnkomme fan lêzingen en de ferkeap fan syn bondel. De bûtenwrâld kin lykwols oan in hichte ta noch hieltyd net folslein de finger op it mystearje Whitman&Leaves lizze. Ja, der is de werkenning sa as oangeande de oarloch en Lincoln. Der is ek it sunich begryp foar syn oade oan de natuer, it lichem, de minske en seksualiteit. Mar yn syn tiid jout de man nea foldwaande ynsicht en iepenheid fan saken oan syn lêzers oer de wiere aard fan syn motiven. Sa bliuwt in ôfstân bestean, faaks oant hjoed-de-dei ta.

1884 – 1892

Broer George beslút mei syn gesin werom te gean nei Long Island. Walt wol perfoarst yn Camden bliuwe. Hy keapet syn earste eigen wenning. Nei de beroerte yn 1873 is Whitman nea wer hielendal opbettere. No’t er op himsels wennet meitsje freonen en stipers harren drok om it wol en wee en de mobilens fan de dichter. Se soargje dêrom foar in hûshâldster en in buggy mei hynder. En fansels in kreaze stjoerman.

1888 – de lêste fiif jier.

De dichter wurket troch oan de achtste edysje fan ‘Leaves of Grass’; letter de ‘Death Bed’-edysje. Dêrneist set er tegearre mei Horace Traubel útein mei syn memoires. Traubel is in goede famyljefreon en grut bewûnderer fan Whitmans dichtwurk. Yn 1888 krijt The Good Grey Poet foar in twadde kear in beroerte. Hy stoart no folslein yn. Dit wurdt de definitive delgong. Foar syn santichste jierdei is der noch in grut banket organisearre. Mar de ein is yn ’t sicht. Ut alle macht hâldt de âlde sike dichter yn 1890 noch in lêzing. Syn lêste. 1891 is it finale jier dat er noch fatsoenlik wurkje kin oan de al neamde achtste ‘Leaves of Grass’, de ‘Death Bed’-edysje.

Fraachtekens oer myn santichste jier

Tichter en tichterby, komst benei, nijsgjirrich,
Dû dizich, ûnwis spûk – bringst dû libben of dea?
Krêft, swakkens, blinens, mear ferlamming en fûler?
Of kalme loften en sinne? Sil it wetter dochs bewege?
Of ûnderbrekst my by tafal foargoed? Of litst my hjir en no,
Mêd, pappegaai-allyk en âld, mei brutsen stim eamelje, krite?

Op 26 maart 1892 stjert Walt Whitman, 72 jier âld, oan tuberkuloaze, it ferlies fan de funksje fan ien long en in fersûpt hert. In lytse tûzen rouwenden skeuvelje lâns de kiste yn syn wenning yn Camden. Op 30 maart 1892 binne tûzenen oanwêzich by it bysetten fan The Good Grey Poet yn it famyljemausoleum dat er bouwe litten hat op it Harleigh Cemetery Camden NJ.

Liet fan Mysels

1

Ik fier mysels, en sjong mysels,
En wat ik oannim silst dû oannimme,
Want elk atoom dat oan my beheart, beheart likegoed oan dy.

Ik bongelje om en nûgje myn siele út,
Ik lynje en bongelje om en op myn gemak observearje ik in teister simmergers.

Myn tonge, elk atoom yn myn bloed, foarme út dizze grûn, dizze lucht,
Berne hjir út âlden hjir ek berne út âlden, en harren âlden krekt en gelyk,
Ik, no sânentritich jier âld en hielendal sûn, begjin,
Dat neat my tsjinhâldt oant de dea.

Belidenissen en skoallen yn ûnbrûk rekke,
In skoftke tebekwykt tefreden mei wat se binne, mar nea fergetten,
Ik koesterje goed en kwea, ik lit by elk gefaar de natuer sprekke,
sûnder omhaal en mei oarspronklike kriich.

2

Hûzen en keamers binne fol mei roken, kastbuorden binne bedobbe ûnder roken,
Ik azemje de lucht sels yn en ken it en fyn it noflik,
De distillaasje soe my allyksa dronken meitsje, mar ik sil it net talitte.

De atmosfear is net in rook, it hat net de smaak fan de distillaasje, it is rookleas,
It is foar ivich foar myn mûle, ik bin der mâl mei,
Ik gean nei de wâl by it bosk net mear ferklaaid en klaai my neaken út,
Ik bin der sljocht op dat it my oanrekket.

De reek fan myn eigen azem,
Echo’s, ribbels, gûnzjend flústerjen, leafde-djip bewoartele, siden-tried, yn it krús en wyngerd,
Myn sykheljen en ynspiraasje, it slaan fan it hert, it passearjen fan bloed en lucht troch de longen,
It snúfde fan griene blêden en drûge blêden, en fan de kust en donker-kleure seerotsen, en fan hea yn de skuorre,
It gelûd fan de útkoarre wurden troch myn stim loslitten op de twirrewyn,
In pear lichte tuten, in pear omearmings, oeral earms om dy hinne,
It spul fan skynsel en skaad op de beammen as de linige grutte tûken hinne en wer bewege,
It genot allinnich as fan de hastigens yn de strjitten, as lâns de fjilden en skeanten fan heuvels,
It gefoel fan sûnens, de trilder let op ’e middei, it liet as ik oereinkom fan bêd ôf en de sinne moetsje.

Hast dû tûzen hektare foar in soad hâlden? Hast dû de ierde in soad achte?
Hast dû sa lang oefene om it lêzen te learen?
Hast dy sa grutsk field doe’tsto de betsjutting fan gedichten te pakken hiest?

Stean dizze dei en nacht mei my stil en dû silst de oarsprong fan alle gedichten yn besit ha,
Dû silst it goede fan de ierde en de sinne yn besit ha, (der binne miljoenen sinnen oer,)
Dû silst net langer saken oannimme út twadde as tredde hân, allikemin troch de eagen fan de deaden sjen, noch dysels fuorje mei de spûken yn boeken,
Dû silst ek net troch myn eagen sjen, noch saken fan my oannimme,
Dû silst nei alle kanten harkje en harren suverje út dysels wei.

(Ein)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op