Jelma Knol

Akky van der Veer (1943-2019)

logo.ensafh

Ynienen lei der alwer in roukaart yn de brievebus: Akky Kuiper-van der Veer, noch mar 75 jier âld. Fjirtjin jier neidat se har man Henk Kuiper loslitte moast, fleach ek Akky fuort. De poëtyske tekst op har kaart is grif fan har hân:

Bin ik no útleard, frege in frou
Yn dit libben wol, antwurde in ingel
Nim my dan mar mei, sei de frou
De ingel tilde har op
Se wie noch lichter as in fearke
Har siel krige wjukken
De frou fleach fuort

En as it Akky har wurden net binne, dan is it wol in fers fan ien fan har talintfolle bern.

Akky van der Veer wie yn har bêste jierren in sprankeljende frou. Sa wie har literêre wurk ek: sprankeljend, licht en hiel persoanlik. Se wie gauris tige relativearjend. As ik tsjinoer har wolris myn argewaasje fernimme liet oer guont fan dy totaal ferkearde types yn de Fryske beweging, dan sette sy dêr in gekke anekdoate foar yn it plak. Bygelyks oer de haadredakteur dy’t ea in parkearboete fan him ôfswetste en de agint ek noch in kilo apels en in abonnemint op Frysk en Frij ferkocht. Akky seach ek wol dat beskate persoanen net spoarden, mar har earste kritearium wie: kin ik om dy-of-dy laitsje. Tagelyk wiene sy en har man moedich en kompromisleas as it om de grutte idealen gyng, bygelyks yn harren striid tsjin kearnenerzjy.

Akky van der Veer har wize fan fertellen naam jin as lêzer mei, oft it no gyng om har wurk foar de jongerein of dat foar grutte minsken. By ien fan de berneboeken dy’t se skreau mei Baukje Wytsma, Disse en jinge en frou Hilarides, hearde ek in teaterfoarstelling, dy’t ik ien kear sjoen haw. It publyk mei skoalbern wie rûzich, mar doe’t Akky en Baukje mei it skaadspul begûnen wie elkenien sa stil as in mûske.

Tema’s út har eigen libben krigen in plak yn har wurk. Sa giet Swart op wyt oer in famke dat har heit nea kend hat en mar mei har fragen wrakseljen bliuwt. Hoe’t it mei de heit fan de lytse Akky gien wie, dy’t yn de besettingstiid ynienen ferstoar nei in ferhoar troch de Dútsers, kaam Akky pas jierren letter te witten, tanksij Jasper Keizer fan Bûtenpost. Har mem koe der net oer prate.

Yn de twadde perioade fan har skriuwerslibben kaam Akky van der Veer yn de besnijing fan it Fryske ferline, fan de Romeinske tiid ôf oant de iere midsiuwen. Se hie har geweldich goed ynlêzen yn dy faak tsjustere jierren en koe de sfear en mentaliteit fan dy perioade treflik oproppe. Ik tink dan oan boeken as Grutte wurden, Kuneara en De geluksbrenger, it skiednisboek dat se mei oaren foar de skoalbern fan de gemeente Ljouwert skreau.

Letter like se yn in oare realiteit te bedarjen. Brieven oan ús mem út 2013 tsjûget dêrfan: nei in prachtich autobiografysk begjin dat in moai boek beloofde te wurden, gyng it fan side 32 ôf in oare kant op. Har wrakseling mei alle mooglike soarten fan religys en komplotteoryen, dy’t sûnder twifel fuortkaam út har grutte soargen oer de takomst fan de minskheid koe net langer oertsjûgje. Mar myn oantinkens oan de prachtminske dy’t Akky van der Veer wie, hâld ik fêst.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op