Blog Geart Tigchelaar: Domovina Hrvatska

logo.ensafh

Rijeka wie ús earste doel yn Kroäsië, mei’t in freon ús útnûge hie del te kommen. Hy is sels ek in fytser, al hat er syn fyts al twa jier by syn âlden te stean, om’t Rijeka ‘fierstente folle heuvels’ hat. Neat is minder wier! It meastepart fan ’e stêd leit op in steile heuvel, dat wannear’t men alle kearen by dy hufter opfytse moat, hat men dêr gau tabak fan. Bûtendat hat er no ek net de moaiste fytsbelibbing hân, om’t er in grouwe boete krigen hie foar it ‘feroarsaakjen fan in ferkearsûngemak’ doe’t er in kear fan ’e fyts fallen wie. Hmmm, pracht fan in lân om troch te fytsen, soest sizze. Mar dat wie wol it gefal! Dêr kinst mear oer lêze yn ús foarige bloch.

Lês fierder by Geart Tigchelaar

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op