Kollum Aant Mulder: Frysk op Riis hat ferlern

logo.ensafh

Hoe is it mooglik! Frysk op Riis waard diskear tagelyk holden mei de finale fan de wrâldkampioenskippen froulju yn Lyon. Wa hie dat tinke kinnen. No’t diskear wat minder folk op Frysk op Riis ôfsetten kaam, sil grif tocht wurde dat dy fuotbalkampioenskippen dat fan gefolgen hân ha. Sa besjoen hat Frysk op Riis ferlern fan it fuotbaljen. Grif, dy wedstriid sil fan ynfloed west ha, mar it wol my net rjocht oan dat sa de beheinde mannichte besikers folslein ferklearre wurde kin. It hat yn alle gefallen net oan it waar lein, want it wie in moaie snein. Dêr komt by dat de teatertún in daalders plakje is en dat Frysk op Riis in goede namme hat. Dêr kin it dus ek net oan lein ha.

Lês fierder by It Nijs

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op