Lomme Schokker

Opmjitten fan de werklikheid

logo.ensafh

Werom fan fakânsje yn Dútslân, begjin july, lei it tredde nûmer dit jier fan Ensafh op de doarmatte. In soad post falt der oars net mear troch de brievebus: de risping fan twa wiken útfanhûs wie dizze kear in pear biddelbrieven, in net oan te ûntkommen blauwe slúf, twa rekkeningen en it Konsumintebûn mei it safolleste boekje hoe’t ik tûker en foarsichtiger wêze kin op ynternet. Sis no sels, dan is in literêr tydskrift dochs wol it meast lêzenswurdich. Sels Ensafh, hear ik mysels tinken, mar dat is wol sa freeslik flau, schäme mich!

Alle dagen fakânsje, dat ik naam de tiid om te lêzen oer it libben fan Fimme Lap (dêr’t ik aardich wat fan myn eigen ûnderfiningen yn weromken) en foaral de beide treflik byinoar passende artikels oer Cædmon en Bernlef. Wat my yn it stik fan Van der Meer It alderâldste Ingelse gedicht opfoel wie syn oersetting fan de sin metudæs mæcti en his modgidanc: ‘de macht fan dy arsjitekt: hoe’t Hy alles betocht hat’, mei as taljochting ‘it wurd metud (…) liket besibbe te wêzen mei Alding. metan, ‘mjitte’, en de fertaling ‘arsjitekt’ liket dêrom wol tapaslik: de ‘mjitter’.’

No eefkes werom nei ús fakânsje, want it giet der by my tsjintwurdich foaral om oft ik noch yn steat bin de opjeften yn myn libben te ferbinen. Wy sieten yn de omkriten fan Altenburg ûnder Leipzig. Altenburg is in alderaardichst stedsje mei in alderaardichst museum: It Lindenau, dat in wiidferneamde samling hat fan Italiaanske skilders út de iere midsiuwen, fan de ‘Schule von Sienna’ (lykas Lippo Memmi en Sano di Pietro), de ‘Schule von Florenz’ (Fra Angelico, Catarina Sforza) oan de ‘Toskanische Schule’ mei sokken as Luca Signorelli en de heit fan Raffaël, Giovanni Santi. Yn dizze skilderijen komme foar it earst yn de Italiaanske skilderkeunst wrâldske eleminten yn de tradisjoneel religieuze tematyk nei foaren, dat in basis leit foar de lettere, ‘hegere’ Renessânsekeunst. Tusken al dy blauwe madonna’s mei bern, hilligen, evangelisten en gouden halo’s trof my benammen it Portret fan in Frou foar in Lânskip, fan Domenico del Ghirlandaio. In lânskip midden yn it libben fan minsken.

No wie der op deselde ferdjipping ek in seal wijd oan ‘Zeitgenössische Kunst’, mei as prachtige titel ‘Vermessung der Wirklichkeit – Die “Leipziger Schuleund andere Positionen’. Ik fûn dizze titel hast noch moaier as de skilderijen sels (útsein Volker Stelzmann syn Amokläufer). It opmjitten of it bemjitten fan de werklikheid, is dat yn bepaald opsicht ek net in libbensopdracht fan elk minske? Dy boumaster fan Cædmon mei it dan foar ús allegearre eartiids moai útmjitten hawwe, ik moat syn kreaasje binnen myn werklikheid wol eefkes neimjitte. Want dat is dochs it resultaat fan de Renessânse: de macht fan de mjitter, de linelûker, de delsetter fan de piketpealtsjes: it is oan de god yn my om dat wat dy oare berekkene en fêstlein hat al of net te akseptearjen.

De lêste seal fan it Lindenau Museum stie grôtfol mei spierwite gipsôfdrukken fan bylden út de antike tiid. Se diene sear oan ’e eagen. Mar it wie in tekst fan Heinrich Heine oan de muorre dy’t op ’e nij de betsjutting oan dizze hiele wite eksetra op syn plak sette: Jede Zeit ist eine Sphinx, die sich in den Abgrund stürzt, sobald man Ihr Rätsel gelöst hat.

Earst kaam it Lindenau, dêrnei de Zwinger yn Dresden. Earst wat ferbiningen lizze, dêrnei stoarte ik yn de ûnmjitlike ôfgrûn foar myn fuotten. It wie in prachtfakânsje, foar salang’t it duorre.

 

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op