Teleks: Abe de Vries hat argewaasje fan cartoon op It Nijs

logo.ensafh

Wêrom pleatse jim ditsoarte flauwekul, nocht oan ûnnocht dy’t oare minsken op it sear komt? Is dat de bedoeling?

Dat is de reaksje fan dichter Abe de Vries op in cartoon fan in anonime tekener op It Nijs. Besjoch de tekening en folgje de diskusje: https://www.itnijs.frl/2019/07/cartoon-65/

1 reaksje op “Teleks: Abe de Vries hat argewaasje fan cartoon op It Nijs

  1. Och ja, It Nijs… In folslein mislearre ‘kartoon’. Yn it foarste plak om’t er deagewoan sa goed as hielendal kopiearre is út De Telegraaf wêrby’t nochal wat misgien is. ‘Alle’ liket op gjin inkelde wize op ‘Allah’. En it mantsje dat blykber sa grutsk op syn Fryske komôf en it Frysk is, griemt der dan ek gewoan it Hollânske wurd út De Telegraaf yn. Want tsja… dêr gie it ommers om. En humor moat yn it Frysk ek kinne.

    Tsja, oft jo dat al gjin nocht oan ûnnocht neame meie dan spoare jo net hielendal. Wêrmei’t ik dus sis dat It Nijs net spoart, in stupide medium is, neat mar dan ek hielendal neat mei it Frysk hat en fierwei it bêste ferbean wurde kinne soe. Mei har sensuer. Mar dat sil de dyk wol net oer meie. it is Frysk, no?

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *